Steuring by ûndergrûnske konteners fan Omrin

06 maaie 2021 - 19:21

Wa't syn ôffal yn de ûndergrûnske kontener fan Omrin fuortsmite wol, kin dat nei alle gedachten pas op freed wer dwaan. It systeem dêr't Omrin mei wurket hat in steuring, wêrtroch't de konteners net mear iepen wolle mei de miljeupas.

Omrin ferwachtet dat de steuring freedtemoarn wer oplost is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)