Judoka Sanne Vermeer wint brûns op Grand Slam fan Kazan

06 maaie 2021 - 19:12

Judoka Sanne Vermeer fan Stiens hat by de Grand Slam yn it Russyske Kazan brûns behelle yn de klasse oant 63 kilogram. Se wûn yn de striid om it tredde plak mei waza-ari fan Andreja Leski út Slovenië.

Foto: Orange Pictures

Vermeer begûn har wedstriiddei mei in oerwinning op ippon op Maria Centracchio út Italië. Dêrnei wie de Poalske Agata Ozdoba-Blach, úteinlik winneres fan it goud, te sterk. Yn de herkânsingen wûn Vermeer op ippon fan de Dútske Martyna Trajdos en mocht dêrnei mei sukses oantrede foar de partij om it brûns.

Earder dit seizoen wûn Vermeer ek al brûns op de Grand Slam fan Tel Aviv, op de Masters yn Katar en op it Europeesk Kampioenskip. Nettsjinsteande har goede prestaasjes is de Friezinne troch it Judobûn lykwols net oanwiisd foar de Olympyske Spelen.

Trefwurden: 
judo Sanne Vermeer
(Advertinsje)
(Advertinsje)