Wurkstraffen foar berôvjen fan fytsers by Koarnjum en Jelsum

Twa jonge fertochten fan strjitrôven by Koarnjum en Jelsum ha tongersdei wurkstraffen krigen en jeugddetinsje ûnder betingst. Se hiene op it fytspaad Spoardyk tusken Stiens en Ljouwert twa fytsers berôve op 29 jannewaris en 18 febrewaris fan ferline jier. De fertochten út Ljouwert en Britsum wiene doedestiids minderjierrich.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It earste slachtoffer, in 34-jierrige Ljouwerter, waard mishannele en fan syn telefoan en beurs berôve. Datselde oerkaam in 22-jierrige Jelsumer in pear wiken letter.
By de strjitrôven wie ek in tredde minderjierrige fertochte belutsen. Dy moat letter foar de rjochtbank yn Lelystêd ferskine. De trije jonges binne famylje fan inoar. De strjitrôven wiene op kamerabylden te sjen, dy't troch de plysje online dield waarden.
De Ljouwerter wie belutsen by ien strjitrôf en krige in wurkstraf fan 80 oeren. De Britsumer krige 120 oeren foar syn belutsenheid by beide strjitrôven. Beiden krigen boppedat in moanne jeugddetinsje ûnder betingst oplein mei in proeftiid fan twa jier. Neffens de rjochter binne de jonges ek troch harren famylje straft.