Terrassen yn Ljouwert sitte wer fol: 'Het kan niet uit, maar we mogen weer!'

In goede wike binne de terrassen no wer iepen en dêr meitsje de minsken graach gebrûk fan. Sels mei it minne waar fan de ôfrûne dagen sieten der minsken op it terras. Dochs bliuwt de grutte fraach: kin it foar de hoareka wol út?
Terassen fol: 'het kan niet uit, maar we mogen weer!'
De restaurants meitsje troch it iepenjen fan de terrassen wer mear omset. In goed teken soene je sizze, mar dêrtroch ferfalt wol in diel fan de coronastipe dy't sy krije. Der binne dêrom hoarekasaken dy't it terras ticht hâlde. Mar eigener Erwin van der Meulen fan Huize Kwast yn Ljouwert docht dat yn elk gefal net. "Eigenlijk kan het niet uit, maar ik heb wel zoiets van: we mogen nu open. Dan moeten we er ook gewoon voor gaan!"

Foar de minsken

It restaurant docht it dan ek echt foar de minsken en de gesellichheid. "Mensen mogen weer het terras op en ik ben al lang blij dat we weer open mogen", seit Erwin.
Ek Evert-Jan van den Hoed, eigener fan Roast, lit him net tsjinhâlde. "Op de euro nauwkeurig heb ik het niet nagerekend, maar ik heb gewoon gezegd: jongens we gaan met zijn allen open. We gaan er volle bak voor." Hy sjocht wol goed hokker dagen sy wol en net iepen kinne. "Zo'n dag als gisteren dat het met bakken uit de hemel komt, dan gaan we gewoon iets eerder beginnen met opruimen. Dan zijn wel dingen waar we naar kijken", seit Evert-Jan.
Mar ek hy is al lang bliid dat der wer minsken op it terras sitte. "We hebben al die tijd van alles gedaan wat niet echt is wat we willen. Iedereen kan weer doen wat hij of zij leuk vindt. Mijn medewerkers in de bediening zijn ontzettend blij dat ze weer echt eten en drinken mogen serveren. De jongens in de keuken mogen nu weer gerechten serveren die meteen opgegeten kunnen worden. Dat is toch net even hetgeen waarvoor ze het echt doen."
Ferslachjouwer Jantine Stoffers op de terrassen yn it sintrum fan Ljouwert