Kaptein Kustwacht: Fuortslepen kontenerskip boppe Flylân wie net sûnder risiko

06 maaie 2021 - 17:04

It fuortslepen fan it kontenerskip Escape dat tongersdei presys in moanne lyn yn de problemen rekke boppe Flylân wie net sûnder risiko. Dat seit de Kustwacht. It roer fan it skip wie fêstrûn, wêrtroch't it skip allinnich mar rûntsjes fear. It rûndraaien fan it kontenerskip yn kombinaasje mei de hege weagen makke it foar de Kustwacht dreech om it skip fuort te slepen.

De Escape - Foto: ANP

Om de Escape út de lestige posysje te befrijen, sette de Kustwacht de needhelpsleper Guardian yn. Om de sleepferbining ta stân te bringen, moast de Guardian sa ticht as mooglik by it kontenerskip del farre. De rûge waarsomstannichheden mei wynkrêft 8 oant 9 en weagen oant seis meter makken it in risikofolle operaasje, is no dúdlik wurden.

Als de golven van achter komen, kan de bemanning niet veilig op het dek werken.

De kaptein fan de Guardian

"Die omstandigheden werken tegen", fertelt de kaptein fan de Guardian. "Omdat het containerschip richting de kust blijft drijven, heb je niet veel kansen. Elke keer dat je mist, moet je de sleepboot opnieuw aanpassen aan het schip tot de golven dwars of voorop het schip staan. Dat kost tijd. Als de golven van achter komen, kan de bemanning niet veilig op het dek werken. Dan staat het achterdek onder water."

Lang om let is it de bemanning fan de Guardian slagge om it skip fuort te slepen. Doe't it waar ferbettere, is it kontenerskip oerdroegen oan in oare boat. Dy hat it skip nei Rotterdam brocht. De Guardian is doe trochfearn nei de posysje dêr't de Baltic Tern, in oar kontenerskip, fiif konteners ferlern hie. De Guardian hat de kontener mei aseton fûn en fêstmakke oant dy burgen wurde koe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)