RIVM: 162 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân, ien stjergefal

06 maaie 2021 - 15:29

Oant tongersdei 10.00 oere binne der yn Fryslân 162 nije coronabesmettingen bykaam. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der fyftjin mear as yn de 24 oeren dêrfoar, doe wiene der 147 nije besmettingen. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 168 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (42). Dêrnei komt Súdwest-Fryslân mei 23 nije besmettingen.

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan Ljouwert.

Der wienen twa nije sikehûsopnamen yn ús provinsje. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Hearrenfean.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne tongersdei 6.861 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der de ôfrûne wike alle dagen 7.172.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)