Henk de Jong beleannet doelman Pieter Bos mei basisplak tsjin Dordrecht

06 maaie 2021 - 14:28

Mei noch twa wedstriden te gean hat Cambuur de promoasje en it kampioenskip al lang en breed binnen. Dochs wolle de Ljouwerters it seizoen net as in nachtkears útgean litte. Der is noch in perioadetitel te fertsjinjen en yn dy striid stiet Cambuur ek boppe-oan mei 19 punten út 8 wedstriden.

Henk de Jong oer de wedstriid tsjin Dordrecht:

Go Ahead Eagles is yn dizze perioade de konkurrint, mei twa punten minder. "Dy perioadetitel winne is ien fan ús doelstellings", seit trainer Henk de Jong.

Dochs past de trainer fan Cambuur wat wizigingen ta yn syn alvetal. Ien dêrfan is dat Pieter Bos as keeper begjint: in beleanning foar in seizoen lang posityf yn tsjinst stean fan earste keeper Sonny Stevens, seit De Jong.

Mear wizigingen

Fierder starte Robin Maulun en Mitchel Paulissen op it middenfjild. Mees Hoedemakers en Jasper ter Heide sitte wol by de seleksje, mar kinne net begjinne oan de wedstriid. Se binne net fit. Ek Jarchinio Antonia kin net spylje fanwege in blessuere.

Twadde keeper Pieter Bos krijt dus de kâns om foar it earst dit seizoen yn de basis te begjinnen. Earste keeper Sonny Stevens hie wol wat twivele om syn plak ôf te stean, mar fynt dat Bos it fertsjinnet om de kommende wedstriid yn de basis te stean.

Stevens gunt it Bos

Henk de Jong: "Sonny kaam der ek sels mei. Fansels wol hy altyd keepe. Hy hat net in wedstriid mist dit seizoen. Mar Sonny gunt it Pieter en dat is moai. En foar Pieter is it gewoan geweldich."

Dat fynt Bos sels ek. Hy sjocht syn basisplak as in beleanning fan in positive hâlding yn it ôfrûne seizoen en is bliid dat kollega Stevens him dit gunt. Boppedat, fynt Bos, is hy yn it ôfrûne jier as keeper groeid en dan is it moai om dat yn in wedstriid sjen te litten.

FC Dordrecht - SC Cambuur begjint freedtejûn om 20.00 oere. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. Geert van Tuinen docht it ferslach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)