Streek troch amateurfuotbal dit seizoen: "Het is te kort dag"

06 maaie 2021 - 13:57

Dit seizoen wurde definityf gjin wedstriden mear yn it amateurfuotbal foar senioaren organisearre. Dat de reguliere kompetysjes net trochgean soenen, dat wie al bekend, mar fuotbalbûn KNVB woe as alternatyf freonskiplike toernoaien organisearje. De KNVB Regiocup soe dat wêze. Mar dat is no ek fan de baan.

Jan Vlap by in wedstriid yn septimber, flak foardat it seizoen stillein waard - Foto: Orange Pictures

It beslút komt net hielendal ûnferwachte, seit Jan Vlap, trainer fan it earste alvetal fan ONS Snits. Hy hie noch wol hope dat der wat trochgean koe, "maar dat was eigenlijk tegen beter weten in." Tsjin syn spilers fertelde Vlap de ôfrûne moannen wol dat der mooglik noch wat koe: "Dan geef je de jongens toch een stip op de horizon. Maar in het achterhoofd weet je dat het een moeilijk verhaal ging worden."

Neffens de KNVB is de Regiocup net mear helber. Folwoeksenen fan 27 jier en âlder meie yn alle gefallen oant 18 maaie net yn teamferbân traine. En om wedstriden te spyljen, ha spilers in perioade fan twa oant trije wiken nedich om fit te wurden. Dêrom kin de Regiocup net earder as 5 of 6 juny begjinne. Dan is der te min tiid, omdat de simmerfakânsje op 10 july al begjint yn Regio Noord. De KNVB hopet noch dat Regiocups foar jeugd wol trochgean kinne.

De spilers hienen dus noch it gefoel dat se mooglik noch foar in doel trainden, mar dat is no echt oars. "We hebben en aantal maanden niet mogen trainen, dus de jongens zijn al lang blij dat ze in elk geval weer op het veld kunnen staan. Maar je wilt ook ergens voor trainen", seit Vlap. "Dat zie je ook aan de motivatie. Normaal gesproken heb je iedere zaterdag een wedstrijd. Dat verandert de beleving en doelstelling wel."

Seizoen gau ôfslute

No't der dit seizoen definityf gjin wedstriden mear komme, slút Vlap it seizoen gau ôf mei syn ploech. Hy snapt dat de KNVB de Regiocup net helber achtet. "Er komen vakanties aan, de oudere spelers hebben verplichtingen met hun werk. Het kan gewoon niet meer. Het is te kort dag. Daarom richten we nu alle pijlen op volgend jaar."

Als ze niets hadden georganiseerd, had ook iedereen er iets van gezegd.

Jan Vlap ferwyt de KNVB net dat se no in streek sette troch de Regiocup

De KNVB kaam moannen lyn al mei de plannen, mar úteinlik giet der neat troch. Vlap ferwyt it bûn neat. "Als ze niets hadden georganiseerd, had ook iedereen er iets van gezegd. Ze hebben in elk geval een initiatief geopperd."

'KNVB moat spilers en klups kompensearje'

Dochs hopet Vlap wol dat de KNVB ek meitinkt oer de takomst. "Ik denk wel dat de bond goed moet kijken wat ze kunnen doen voor de leden en de clubs. Ik voetbal zelf nog bij de 45-plussers van Waterpoort Boys. Daar betaal ik gewoon contributie voor, maar we hebben dit seizoen maar één keer kunnen voetballen. Dat geldt voor alle voetballers. Dus de bond moet kijken hoe ze de spelers en clubs kunnen compenseren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)