Gemeente Hearrenfean hellet doel ôffalskieding net, mar "koprinner yn Fryslân"

06 maaie 2021 - 11:39

Elke ynwenner fan de gemeente Hearrenfean hat ferline jier gemiddeld 605 kilo ôffal produsearre. It grutste part dêrfan koe recycle wurde. De 109 kilo dy't oerbleau, waard ferbrând. Dat hat de gemeente bekend makke. Mei it skieden fan húshâldlik ôffal seit Hearrenfean foar it twadde jier op rige koprinner te wêzen yn Fryslân.

Foto: Shutterstock

Lanlik binne der ôfspraken makke foar it ferminderjen fan húshâldlik ôffal. Foar 2020 wie it de bedoeling om maksimaal 100 kilo ôffal de ynwenner te ferbrânen en de rest te recyclen. Dy doelstelling hat Hearrenfean dus net helle. Ek is der ferline jier mear ôffal produsearre.

Yn 2019 produsearre elke ynwenner fan de gemeente Hearrenfean noch gemiddeld 561 kilo ôffal, wêrfan't der 104 kilo nei de ferbrâning gie. Neffens de gemeente komt it troch corona dat der ferline jier mear ôffal wie. Minsken wurken mear thús en binne yn de lockdowns oan it ferbouwen en opromjen slein.

Wethâlder Jaap van Veen is dochs bliid mei it behelle resultaat fan ferline jier: "We zien dat de invoering van Diftar+, dat is het legen van de container op gewicht, een groot succes is. De 109 kilo die we in Heerenveen laten verbranden staat in groot contrast met het gemiddelde van 174 kilo per inwoner in Friesland."

(Advertinsje)
(Advertinsje)