Snitser drugsdealer falt troch de koer nei't er te hurd rydt

06 maaie 2021 - 11:03

In drugsdealer út Snits, dy't troch de koer fallen is, om't er te hurd ried, moat langer fêstsitten bliuwe. Dat hat de rjochtbank tongersdei bepaald. De 26-jierrige Snitser sit sûnt ein jannewaris yn de finzenis.

Drugs - Foto: Omrop Fryslân

Op 22 jannewaris ried de Snitser te hurd by Skearnegoutum. Hy hie drugs by him: yn syn jas, yn syn broek en yn syn ûnderbroek. Ut in flibetest kaam nei foaren dat er xtc, kokaïne en crystal meth brûkt hie. By de man thús fûn de plysje nochris 16.000 xtc-pillen, goed 200 gram kokaïne en crystal meth. De strjitwearde fan de drugs wie nei skatting sa'n 55.000 euro.

Lukrative byfertsjinste

Neffens de reklassearring dealde de Snitser net om sels oan syn drugsjild te kommen of om syn skulden fuort te wurkjen. Hy hat in baan en in eigen hûs. It dealen wie mear in lukrative byfertsjinste.

De advokaat Peter Bonthuis frege de rjochter om syn kliïnt op frije fuotten te setten. De rjochtbank wiisde dat ôf. De Snitser bliuwt yn alle gefallen fêst oant de ynhâldlike behanneling fan de saak, op 6 july.

(Advertinsje)
(Advertinsje)