Gemeente Ljouwert makket riedseal fleksibeler foar fjouwer ton

De fergaderromte fan de gemeenteried yn it Ljouwerter stedhûs krijt in nije ynrjochting. De hjoeddeistige ynrjochting foldocht net oan de winsken fan de ried. Dy wol al langer dat de romte der oars út komt te sjen.
De gemeenteried noch foar de coronatiid © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Sa stiet it meubilêr en de publike tribune fêst, dat is net fleksibel. It kin dus net oanpast wurde by bepaalde omstannichheden. Fanwege it coronafirus is de winsk om de ynrjochting oan te passen allinnich mar grutter wurden. De romte is grut genôch, is it idee, mar mei hoe't it der no útsjocht, is it net mooglik om genôch ôfstân te hâlden.
Mei in oare ynrjochting kin de ried in gearkomste organisearje dy't foldocht oan de coronamaatregels, mar ek oare wurkfoarmen. Neffens de gemeente besparret in fleksibele ynrjochting op langere termyn ek jild. De gemeente hoecht dan nammentlik minder faak út te wiken nei oare lokaasjes.

Ryk betellet part fan ferbouwing

In plan foar de ynterne ferbouwing is goedkard. De kosten binne om de 400.000 euro hinne. In part fan dat jild komt fan it Ryk.
De planning is om de oanpassing nei de simmer fan 2021 út te fieren. Yn de tuskentiid siket de gemeente in oare tydlike lokaasje foar de fysike gearkomsten.