PODCAST Smokkelbern #6: "Moeders"

"Het afstaan van je kind om het te redden is een verzetsdaad", seit histoarikus Hinke Piersma. Om't in mem neat leaver wol as it bern ticht by har te hâlden en it as har taak sjocht har bern te beskermjen. Yn ôflevering 6 fan de podcast Smokkelbern praat Karen Bies mei Hinke Piersma oer de memmen.
Beharkje de podcast:
Hinke Piersma is fassinearre troch de Joadske memmen dy't har bern meijoegen oan wyldfrjemde minsken, dy't taseinen it bern yn feilichheid te bringen. Se skriuwt ek oer de beskeadige memmen, dy't nei de oarloch ûnder de swierste omstannichheden besochten in bern in takomst te jaan.
Hinke Piersma is ferbûn oan it NIOD en skriuwt boeken en artikels oer ûnderwerpen út de Twadde Wrâldoarloch. Har boek Zussen (2017) giet oer trije Joadske susters dy't har libben en dat fan har famylje besykje te rêden. De histoarikus is filme yn de Fryslân DOK 'Nearne thús' doe't se Mario Schijveschuurder yn it Noord-Hollands Archief holp mei it dossier fan syn heit Joseph.
Smokkelbern, de podcast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapps en op Spotify. Mear ynformaasje op omropfryslan.nl/smokkelbern.
© Omrop Fryslân
De podcast Smokkelbern wurdt makke troch Gerard van der Veer en Karen Bies. Der is ek in Fryslân DOK-rige Smokkelbern fan fiif telefyzjedokumintêres, makke troch Gerard van der Veer en Annet Huisman, te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân.
'Smokkelbern' is ûnderdiel fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in gearwurking fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.