Tineke Schokker nimt ôfskied fan Flylân: seis jier skipperje tusken belutsenheid en ôfstân

06 maaie 2021 - 08:33

Tineke Schokker nimt tongersdei ôfskied as boargemaster fan Flylân. Snein is offisjeel har lêste dei yn tsjinst, mar tongersdei is der in spesjale riedsgearkomste op it eilân. Yn de seis jier wie it skipperjen tusken belutsenheid toane en ôfstân hâlde, seit se.

Foto: ANP

De seis jier binne omflein, fynt Schokker. "It is fantastysk ast op sa'n prachtich eilân sa'n funksje útoefenje meist", seit se. "Dat sil ik misse. Oan de oare kant: ôfskied nimme heart by it libben. De iene baan wurdt opfolge troch de oare."

Ien fan de redenen dat se ophâldt is de ôfstân nei de famylje oan de fêste wâl. "Dy famylje miste ik hiel bot. Der sit in hiele Waadsee tusken. As der wat oan de hân is oan de wâl en de lêste boat is krekt fuort, dan fiele je dat hiel bot."

Hechte mienskip koesterje

De eilannen, en hielendal de wat lytsere, ha de namme fan in hechte mienskip. Dat is op Flylân ek echt it gefal, fynt Schokker. Yn positive sin: "Ik ha it in pear jier lyn sels ûnderfûn. Doe wie ik in wike hiel bot siik en it hiele eilân stie om my hinne. Dat is hiel noflik. Dus koesterje dat, soe ik sizze."

As je by de ien wol kofje drinke en by de oar net, dat kin net yn sa'n lytse mienskip.

Tineke Schokker

Dochs hat se as boargemaster wol safolle mooglik ôfstân holden. "As je by de ien wol kofje drinke en by de oar net, dat kin net. Just yn sa'n lytse mienskip net. Dêrom wie ik wol belutsen, mar ha ik ek ôfstân holden."

Net te lang

Se tinkt dêrom dat it in goede saak is dat in boargemaster fan de fêste wâl komt. "Neffens my is it goed dat ien fris binnen komt en net al ûnderdiel is fan de mienskip. Dat sei ik al doe't ik noch deputearre wie: seis jier op in eilân is moai. En dan kin it ris acht jier wurde, mar op in gegeven momint wurdt it dreger om ôfstân te hâlden. Ik fyn it sels hiel sûn om it net te lang te dwaan. Mar dêr kin elkenien oars oer tinke."

Schokker is wol fan doel om werom te kommen nei it eilân. "Fêst om fakânsje te fieren. Mar dat doch ik dan wol sa anonym mooglik", seit se. Tips foar har opfolger Michiel Schrier hat se ek net. "Hy kin it hiel goed sels. En hy krijt in moai oerdrachtsdossier."

(Advertinsje)
(Advertinsje)