Kollum: "Nammen"

06 maaie 2021 - 08:17

"It is de wike fan 4 en 5 maaie, en dat betsjut dat der in soad Twadde Wrâldoarloch-relatearre ferhalen yn it nijs binne. Ik wenje yn in buert fan Amsterdam dêr't dizze skiednis nochal in stimpel op drukt hat. It is part fan de âlde Joadske buert.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Hjir stiet it gebou dêr't it befolkingsregister siet, dêr't yn 1943 de bekende oanslach op wie. Fierderop it Verzetsmuseum. De Hollandsche Schouwburg, dêr't de Amsterdamske Joaden sammele waarden wêrnei't se op transport set waarden. Dêr foaroer de kresj dêr't tal fan Joadske poppen út wei smokkele binne. It Auschwitz-monumint, de Portugeeske synagoge, it Joods Historisch Museum en it byld fan de Dokwerker. Op strjitte lizze hjir om de pear meter stroffelstientsjes: koperen plakkaatsjes mei nammen fan Joaden dy't op dat plak wenne hawwe derop. Ik kin hjir gjin stap sette, of der is in oantinken oan wat der bard is.

Fan de 80.000 Amsterdamske Joaden dy't foar de oarloch foaral yn dit part fan 'e stêd wennen, hawwe mar 15.000 it oerlibbe. It hat letterlik gatten yn dizze buert slein: út de Joadske huzen dy't leech wiene, waard yn 'e hongerwinter hout helle om te stoken. Sokke huzen stoarten yn. It missen fan safolle Joaden hat grut west foar Amsterdam.

Mar de stêd is wat nuver mei dizze skiednis omgien. Sa hat der oant koartlyn in 'Dankbaarheidsmonument' flakby it Joods Historisch Museum stien: in mispleatst monumint út de jierren 50, wêrmei't de Amsterdamske Joaden harren tankberens uterje soene. Wis, de Febrewarisstaking fan Amsterdamske arbeiders wie it iennige massale protest tsjin de besetting yn 'e oarloch. Mar om no tankber te wêzen as je as befolkingsgroep desimearre binne?

Der is net in monumint foar de Nederlânske Joadske slachtoffers fan de holocaust. It Auschwitz Comité wol dit feroarje. Sûnt in pear jier binne se dwaande mei in nasjonaal monumint, en dat moat in nammemonumint wurde. It komt op it plak dêr't oant koartlyn dat Dankbaarheidsmonument stie, dus dat is op himsels moai. Mar der is wat mei oan 'e hân. Nammentlik dát it in nammemonumint is. It is op it stuit yn oanbou, en is yn 'e lêste faze. Ik rûn der fan 'e wike del, en doe foel my op dat op in tal fan stientsjes mei nammen in krúske tekene stiet. Seker ien op 'e hûndert hie sa'n krúske.

Der is mei de nammen wat oan 'e hân. Ferline wike ferskynde der al in stik oer yn 'e krante: twa amateurhistoarisy binne dwaande mei it kontrolearjen fan de nammen: steane se der terjochte op, binne se goed stavere, en kloppe de fierdere gegevens? Mei de 102.000 nammen dy't derop komme sille, binne se noch wol even dwaande. Registers, foar safier as dy der binne, binne op syn minst 76 jier âld. Ien fan harren docht dit ek mei in nammemonumint út 2015 yn Utrecht, dêr't 1.200 nammen op stean, en dêr't op it stuit al 82 flaters yn ûntdutsen binne. Yn dy ferhâlding soe dat by it Amsterdamske monumint om wol 7.000 flaters gean kinne.

Tiisdei wie de man op de radio, en hy fertelde dat dit yn Utrecht in flink probleem is, om't de nammen yn in grutte stien úthoud binne. Op it monumint yn Amsterdam pakke se dit oars oan, troch foar eltse namme in soarte fan bakstientsje te hawwen, en dy net yn te mitseljen, mar te lymjen, sadat flaters korrizjearre wurde kinne. Ik fyn lym net sa monumintaal, mar dat is it slimste net. As je nammen it stimpel goed of fout meijaan wolle, moatte der dúdlike regels wêze, fan wa wol en wa net. Dy hat it Comité dan ek opsteld: it is allinnich foar Joaden, Roma of Sinti, en allinnich as der gjin grêf is, en noch wat fan soks.

EenVandaag hie it ferhaal fan in Joadske beppe fan ien, dy't yn tal fan konsintraasjekampen sitten hat, en begroeven is yn Frankfurt. Se hat in grêf, dus se komt der net op. Ik fyn dit pynlik. Want no binne se dus Joaden oan it selektearjen. Moat dat no, tachtich jier letter?

Yn Berlyn stiet it Denkmal für die ermordeten Juden Europas, besteande út 2.710 betonblokken. Sûnder nammen. It is in ûntwerp dat keazen is út 528 foarstellen. Dat wie in hiel proses. Soms bekrûpt my wolris it idee dat der yn Dútslân miskien better oer de heugenis fan de Twadde Wrâldoarloch neitocht wurdt as hjir. Angela Merkel hie juster wize wurden, ek foar it Auschwitz Comité en harren wiidweidige, djoere en rudimintêre nammemonumint yn dizze Amsterdamske buert: 'Neat kin de leechte folje dy't efterlitten is troch de minsken dy't fermoarde binne.'"

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)