FIDEO: Stichting Friesland 1940-1945 fiert 75-jierrich bestean

Stichting Friesland 1940-1945 bestiet 75 jier. Om dat te fieren, waard tongersdeitemiddei yn de Ljouwerter Blokhúspoarte in betinkingsrút ûntbleate. Yn it rút, dat út trije stikken bestiet, stiet it wurk fan de stichting sintraal.
Hichtepunt út Stichting Friesland 1940-1945 fiert 75-jierrich bestean
Yn it spesjale programma, presintearre troch Afke Boven, waard tongersdei mei kommissaris Arno Brok en boargemaster Sybrand Buma weromsjoen op de ôfrûne 75 besteansjierren fan de stichting. Se ûntbleaten doe ek it betinkingsrút.
De útstjoering wie tongersdei 6 maaie om 16.15 op telefyzje, op ynternet en yn de app, fan 21.00 ôf alle healoeren in werhelling op telefyzje. De folsleine útsjoering is ek hjir te besjen.
De stichting waard op 6 maaie 1946 oprjochte om famylje fan fersetsminsken troch de tiid te helpen as sy it sels net mear oprêden. Dy haadtaak is no feroare yn it stypjen fan omtinken foar de Twadde Wrâldoarloch, al bliuwt de famyljestipe wol bestean. "We hebben nog maar een handjevol families waar we aandacht aan besteden", seit Gerk Koopmans, foarsitter fan de stichting. "Dat is heel wat minder dan de 1.100 dossiers die we hebben gehad. Daar hadden we destijds een heel kantoor voor."
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
It 75-jierrich bestean markearret neffens Koopmans in omslach yn it wurk fan de stichting. "We gaan van nazorg van nabestaanden naar zorg voor dingen die nu in de wereld spelen", fertelt er.

Untwerp betinkingsrút 'in één keer raak'

As oantinken foar it jubileum komt der dus in betinkingsrút yn de Blokhúspoarte. Dat rút is ûntwurpen troch de Ljouwerter keunstners Gerard Groenewoud en Tilly Buij. "Het gaat over de oorlog, de bezetting en de naoorlogse periode", seit Koopmans, dy't hiel wiis is mei it ûntwerp. "Prachtig! We hebben een hele middag met de kunstenaars zitten praten over het werk van de stichting. Een paar weken later kwamen ze met een voorstel en dat was direct goed. Ze hadden in een keer raak geschoten."