Lûdisolaasje yn hûzen by fleanbasis net foldwaande, stelle aksjegroepen

De besteande lûdsisolaasje fan hûzen yn de omjouwing fan de fleanbasis yn Ljouwert is net foldwaande. Dat docht bliken út ûndersyk dat ûnder oare de wurkgroep Laagvliegroutes Friesland Nee yn oparbeidzjen mei oare aksjegroepen tsjin leechfleanen útfiere litten hat.
Omwenners fleanbasis wolle bettere lûdsisolaasje
No't de F-16's ferfongen binne troch F-35's nimme de lûdsnivo's bot ta, neffens it ûndersyk, dat dien is troch in luchtkwaliteitsekspert. De isolaasje yn de hûzen, dy't yn de jierren '80 en '90 yn oanmerking kamen foar lûdsbeskerming, is net foldwaande om it lûd fan de F35's ûnder in bepaald nivo te hâlden.
It lûdsisolearjende glês yn de hûzen lit te hurde lûdspiken dochs troch. "Je komt na demping nog steeds op 85 decibel binnenhuis", seit Flip Boer, de foarsitter fan de wurkgroep Laagvliegroutes Friesland Nee. "Dat is onwaarschijnlijk veel. Bij evenementen in de gemeente Leeuwarden zijn die kaders beduidend lager."
© SRFotografie

Definsje kin har net fine yn sifers

Dat de F-35's mear leven jouwe as de F16's is algemien bekend en wurdt ek tajûn troch Definsje. Mar sy kinne har net fine yn de sifers fan dit nije ûndersyk fan de aksjegroepen, ferklearje se: "Wij herkennen ons niet in de aannames. Vooropstaat dat wij ons met de F-35's aan de bestaande geluidscontouren moeten houden en waar we ons ook aan zullen houden."
It lûd fan de fleantugen moat binnen dy besteande 'lûdskontoeren' bliuwe dy't eartiids opsteld binne. Doetiidsk minister Hennis-Plasschaert fan Definsje sei yn 2013 dat dy maksimale lûdsnivo's net oprekt wurde mei de komst fan de F-35.
Het probleem voltrekt zich straks niet alleen in de dorpen rondom de vliegbasis, maar in een veel groter gebied.
Flip Boer oer it lûdsoerlêst fan de F-35's
Mar de wurkgroepen yn ferskate provinsjes meitsje har bot soargen oer de yntinsiteit fan it lûd, no't ek yn hûs te hege lûdsnivo's metten binne. "De verwachting is dat het ook een probleem gaat worden in het nieuwe oefengebied", seit Boer. "Dat is ongeveer 8.000 vierkante kilometer, een kwart van Nederland. Het probleem voltrekt zich straks dus niet alleen in de dorpen rondom de vliegbasis, maar in een veel groter gebied. En daar zijn de huizen ook nog niet geïsoleerd."

Earst mear ûndersyk

Neffens Definsje is it noch te betiid om konklúzjes te lûken, om't der op it stuit noch ûnderfiningen opdien wurde mei de F-35's. "We doen ervaring op met het toestel om te kijken wat betekent het voor de omgeving, wat zijn de ervaringen met geluidsoverlast en wat heeft effect op het geluid, zoals geen scherpe bochten maken, om zo de overlast te beperken."
Definsje seit dat der in lûdsûndersyk rint mei help fan it lûdsmjitnet by de fleanbasis dêr't de omwenners by belutsen binne. Dêr wol Definisje earst de konklúzjes fan ôfwachtsje.
In stjoergroep mei omwenners, de gemeente en de provinsje praat takom wike oer wat se ûndersocht ha wolle op it mêd fan isolaasje. Wannear't dat ûndersyk plakfynt en wannear't dêr de resultaten fan bekend wurde moatte, is noch net dúdlik.
Flip Boer oer de lûdisolaasje