Organisaasje tefreden: "Befrijingsfestival sûnder publyk smiet nije ideeën op"

05 maaie 2021 - 22:45

De organisaasje fan Befrijingsfestival Fryslân sjocht mei in goed gefoel werom op de dei. It wie troch corona in dei sûnder live publyk der by, mar it hat ek wol wer nije ideeën opsmiten. Marre Faber fan de organisaasje: "It freget kreativiteit om dochs sa'n dei op te foljen. Nije inisjativen lykas befrijingssop binne miskien wol foar werhelling fetber. It twingt je efkes om oars nei te tinken, dus dat smiet it ek op."

Befrijingsfestival Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

It festival waard útstjoerd út de grutte seal fan De Harmonie. "Wy hawwe in bysûndere en lange dei hân," seit Faber. "In dei dy't oars wie as de oare jierren. Mar wy hawwe in soad dien en belibbe, dus in goed gefoel. Foar my springe de legerweinen en de tûzenen blikken sop dy't wy rûnbrocht hawwe der wol út. Dêr kamen in soad reaksjes op. Ek fia de telefoan kamen der prachtige foto's foarby fan minsken dy't hiel bliid wiene mei it sop."

Wat moais delset

Minsken seine dat it as in echte Befrijingsdei fielde, fertelt Faber. "Sy seine: wy hawwe dochs wat in festivalgefoel. Gewoan om't wy sa mei-inoar dwaande binne, ek al is it mei al dy beheinde regels. Der wie in moaie sfear. It publyk is wol in grut missen. Je hawwe net efkes in bierke op it plein. Mar wy hawwe hurd wurke foar de produksje, efter de skermen hawwe wy wat moais delset. Dêr hawwe wy fan genietsje kinnen."

Marre Faber fan Befrijingsfestival Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)