Optreden Tino Martin net útstjoerd by Befrijingsfestival Fryslân

05 maaie 2021 - 22:06

Folkssjonger Tino Martin hat net te hearren west by it Befrijingsfestival Fryslân. In opname fan him soe op meardere regionale festivals útstjoerd wurde, mar der kamen in soad klachten oer it optreden: de sang wie falsk en op sosjale media fregen minsken harren ôf oft er net in buorrel tefolle op hie. Fryslân keas foar in alternatyf.

Tino Martin - Foto: ANP

Tino Martin bea letter syn ekskuzen oan. Hy joech oan dat er opknapte fan it coronafirus en dat it optreden dêrtroch 'verre van vlekkeloos' wie.

It optreden waard opnaam by it evenemint Artiesten voor de vrijheid yn Gilze-Rijen. Martin wie ien fan de 'Ambassadeurs van de Vrijheid' en syn optreden soe njonken Fryslân ek yn Drinte en Den Haag útstjoerd wurde.

Tino Martin ferklearre flink siik west te hawwen fan it coronafirus yn de ôfrûne wiken. "De gevolgen en nasleep daarvan, onder andere met oorsuizen, heb ik toch zwaar onderschat."

Foldie net oan kwaliteit

"It wie wol efkes in momintsje dat wy hearden dat it optreden net oan de kwaliteit foldocht sa't wy it graach wolle," seit Marre Faber fan de organisaasje fan it Fryske Befrijingsfestival. "Doe kamen wy wol mei in gat te sitten. Efter de skermen moasten wy it oplosse. Aldergeloks wie Jonna Fraser ek in lanlik ambassadeur, dus dat gat yn it programma koene wy noch opfolje."

Dêr kaam nochris by dat de opnamen fan it live-optreden nei de tiid ek net nochris útstjoerd wurde mochten fan it Nationaal Comité 4 en 5 Mei. It útstjoeren soe tsjin de ôfspraken wêze.

Jonna Fraser

By Befrijingsfestival Fryslân is besletten om yn stee fan Martin de rapper Jonna Fraser út te stjoeren. "Het is een grote taak voor een ambassadeur om een grote doelgroep te bereiken, en dat bereik je met muziek", sei in wurdfierder tsjin de NOS. "Heel erg zonde dat het niet is gelukt. Andere festivals die een gat in hun schema hebben mogen gebruikmaken van de Friese ambassadeur van de vrijheid, de band De Kast."

Harkje hjir nei Tino Martin en nei Marre Faber fan Befrijingsfestival Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)