Pasjintestop op kardiology-ôfdieling Antonius Sikehûs wer opheft

05 maaie 2021 - 21:37

De stop op it opnimmen fan nije pasjinten op de ôfdieling kardiology yn it Antonius Sikehûs yn Snits is wer foarby. Ofrûne snein makke it sikehûs bekend foarearst gjin pasjinten mei kardiologyske klachten op te nimmen. Dat wie om't der trije pasjinten op de ôfdieling posityf test waarden op it coronafirus.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Der hat in wiidweidich kontaktûndersyk west. It docht bliken dat de ôfdieling kardiology no wer frij is fan corona. De trije besmette pasjinten lizze yn isolaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)