Pont pardoes út de feart oant juny: ytkafee Wyns stiet foar in riedsel

05 maaie 2021 - 20:31

It is in klap foar ytkafee De Winze yn Wyns: it pontsje oer de Dokkumer Ie fart net oant 2 juny. It fytspaad tusken Bartlehiem en Ljouwert oan de oare kant fan it wetter wurdt opknapt en dêrom stiene der woansdeitemoarn ûnferhoeds buorden en stekken foar it pontsje, sûnder oankundigjen fan de gemeente.

De Wynser Oerset is ticht - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Eigener Anne Hager stiet foar in riedsel. "Wisten wy it mar. Wy hawwe gjin idee wat der barre sil, wy moatte mar fan de buorden ôf lêze dat it fytspaad ôfsletten is. Wy kamen woansdeitemoarn en doe seagen wy de buorden stean, plus in ôfsetstek foar de pont sa't wy net op de pont kinne. Wy taaste folslein yn it tsjuster."

Wichtich foar De Winze

In grut part fan syn klanten makket gebrûk fan De Wynser Oerset. "Ljouwerters dy't bygelyks in slach om Wyns fytse. It is in toeristysk barren foar minsken dy't de Alvestêdetocht fytse en fia it pontsje nei de Tegeltsjesbrêge wolle. Ik tink dat 90 persint fan de minsken dy't mei de pont oerfarre efkes by ús op it terras of de boarterstún komt."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by it pontsje

Sels de betsjinner fan de pont wist fan neat. In wichtich punt is dat it ytkafee yn Wyns op it grûngebiet fan Tytsjerksteradiel leit en it fytspaad oan de oare kant fan it wetter op grûngebiet fan Ljouwert. Mar Hager moat it fan beide kanten hawwe. "De wize wêrop is gewoan spitich," seit hy. "As je it yn 't foar wisten dan hiene je oerlizze kinnen oer in momint. No wurde je der mei konfrontearre, je witte fan neat."

Terras koe einlings wer iepen

Der spilet ek mei dat De Winze fansels al in lang skoft ticht moast fanwegen de coronamaatregels. No mei it terras lang om let wer iepen, mar no kin de pont net farre. "Dat is hiel soer. Je meie wer iepen, je hawwe der nocht oan. Om it samar mei it pinksterwykein en Himelfeart ôf te sluten, dat is skande."

(Advertinsje)
(Advertinsje)