Napoleon 200 jier ferstoarn: dizze erfenis liet er nei yn it Fryske lânskip

05 maaie 2021 - 20:07

It is eksakt twahûndert jier lyn dat Napoleon Bonaparte ferstoar. Yn 1806 hefte de keizer ús republyk op en yn 1810 live hy it Nederlânske gebiet yn by syn Frânske keizerryk. It tiidrek fan syn macht einige pas yn 1813, doe't Napoleon ferslein waard. Ek op Fryslân hat er in soad ynfloed hân, dat syn útwurking sels krige yn it Fryske lânskip: trije âlde buorskippen ferwize nei de Frânske keizer.

Napoleon Bonaparte - Foto: Pixabay

Eastlik fan Holwert leit de buorskip Elba. Tsjintwurdich is it net folle mear as in dyk dêr't in achtal huzen oan stiet. De buorskip is neamd nei in Italiaansk eilân yn de Middellânske See. Net tafallich, want it giet lykas it eilân Elba om in iensume úthoeke. De namme komt ek foar by dykjes by Kollumerpomp en Warniahuzen.

Om 1812 hinne hie keizer Napoleon it grutste part fan Europa yn hannen. De machthawwer woe sels noch mear, mar in tocht nei Moskou einige yn in ramp. Yn 1813 ferlear Napoleon de Slach by Leipzig. It wie foarearst de ein fan syn keizerryk. Napoleon waard yn 1814 nei it eilân Elba ferband. Napoleon wist lykwols út te naaien, werom te kearen en op 'e nij de macht te pakken yn Frankryk.

Elba by Holwert - Foto: Google Street View

Quatrebras is in buorskip op de grins fan Hurdegaryp en Noardburgum. It leit hjoed-de-dei op it krúspunt fan de N355, de Wâldwei en de Alde Kommisjewei. De buorskip is neamd nei in herberch dy't ea op it plak stie. De namme komt dêr al yn 1864 foar. De namme wie in ferwizing nei de fjouwer diken. Dat is net tafallich, want de Slach by Quatre-Bras wie ek by in fjouwersprong.

Nei't Napoleon yn 1814 ferband wie nei Elba, kearde hy yn 1815 werom nei Frankryk om him op 'e nij as keizer te ynstallearjen. Ingelân en Prusen lutsen mei grutte legers nei de súdlike Nederlannen om Frankryk binnen te fallen. Napoleon woe se foar wêze en luts de grins oer om de legers útinoar te driuwen.

De Frânske troepen waarden op 16 juny 1815 opholden troch in soad Nederlanners yn de Slach by Quatre-Bras. Dêrtroch koe it hast fersleine Prusyske leger him wer feilich weromlûke rjochting Brussel. De dei dêrnei koene sy de striid oangean tsjin Napoleon, doe folge de Slach by Waterloo.

Quatrebras by Hurdegaryp - Foto: Google Street View

Oan de súdwestkant fan Ypekolsgea leit de buorskip Waterloo. De útbuorren binne neamd nei it Belgyske plak Waterloo. Mooglik ek om't der meardere wegen byinoar kamen. Dat wiene ek wetterwegen, lykas de Weisleat en de Jan Kuikens Opfeart. En de âlde dyk tusken Wâldsein en Harich rûn der del. By it krúspunt hat in herberch stien en fierder stie der ek in útspanning foar hynders. De âlde Weisleat makke nei 1950 plak foar de dyk tusken Wâldsein en Balk.

De Slach by Waterloo is ien fan de meast bekende fjildslaggen yn de skiednis. De slach wie op 18 juny 1815 by it doarpke Waterloo, súdlik fan Brussel. Napoleon waard ferslein en dat betsjutte definityf de ein fan de Frânske hearskippij oer grutte parten fan Europa. Diskear waard Napoleon ferband nei it eilantsje Sint Helena, dêr't er op 5 maaie 1821 úteinlik ferstoar.

Waterloo by Ypekolsgea - Foto: Google Street View
(Advertinsje)
(Advertinsje)