Kleanbank Noorderhoek yn Snits: net allinne kleanguod, mar ek begryp

05 maaie 2021 - 18:45

Sels koe sy it yn it ferline ek goed brûke en no kin sy wat werom dwaan. Miranda van der Molen fan Snits runt sûnt koart Kledingbank Noorderhoek yn de stêd, dêr't minsken dy't it finansjeel dreech hawwe fergees klean ophelje kinne. "Ik wil graag mensen helpen die het nu nodig hebben en die de drempel heel hoog vinden om ons te vinden. Ik zou zeggen: kom alsjeblieft, het is er voor jullie," seit sy.

Foto: Shutterstock.com (fizkes)

De kleanbank is yntusken in goeie moanne iepen. Sûnt moandei binne minsken ek sûnder ôfspraak wolkom. "Het maakt niet uit hoeveel men meeneemt, men hoeft niets te laten zien. Iedereen is welkom."

Van der Molen hat it yn it ferline sels finansjeel ek swier hân. "Toen zijn we ook naar een kledingbank gegaan, in Bolsward. In het begin wel met schaamte, want je wilt eigenlijk niet je hand op houden. Ik heb twee kinderen en dacht: ik moet toch ergens wat vandaan zien te krijgen, zodat ze toch normale kleren kunnen dragen, in plaats van versleten kleding."

Ek freoanskip en begryp

De drompel wie dus wol heech, mar it hat hiel bot holpen, seit Van der Molen. "Niet alleen met kleding, maar ook met vriendschappen en begrip. De goede vriendin waarmee ik nu de kledingbank opstart in Sneek heb ik daar ook ontmoet. Zij was mijn rots in de branding. Ze heeft me door een hele moeilijke periode gesleept. Ze heeft ook laten zien dat het niet erg is en dat het iedereen kan gebeuren. Dat is gewoon heel belangrijk."

Weromdwaan

Dêrom hawwe sy sels de stap set om in kleanbank byinoar te garjen. "Het gaat nu beter en ik wil wat terugdoen. We doen oproepen voor kleding. Bijvoorbeeld via scholen, Facebook en de krant. En we proberen naamsbekendheid te krijgen. We hebben een Facebookpagina, zitten in de wijkvereniging. Alle vrijwilligers zijn ook heel positief. Ze flyeren, doen mond-tot-mondreclame. Dus voor iedereen geldt: zegt het voort."

Miranda van der Molen fan Snits

(Advertinsje)
(Advertinsje)