Yngenieur út Warten nominearre foar Europeeske útfinerspriis mei rinbrêge

05 maaie 2021 - 18:37

Jan van der Tempel fan Warten makket kâns op in wichtige Europeeske útfinerspriis. Dat hat it Europeesk Oktroaiburo bekend makke. De Wartsenser hat in feilige, stabilere rinbrêge makke foar op folle see. Dêr binne no wrâldwiid 65 fan yn gebrûk, fan Nederlân oant Australië en Ruslân oan ta.

De Ampelmann is in platfoarm 'op hyadraulyske poaten' mei in rinbrêge dêroan fêst - Foto: Ampelmann

Simpel sein bliuwt de brêge troch in bewegingssensor stabyl lizzen, hoe bot oft de omjouwing ek beweecht. Van der Tempel is finalist yn de kategory yndustry. Op 17 juny heart er oft er wûn hat of net.

Van der Tempel kaam op it idee op in konferinsje yn 2002 yn Berlyn oer wynenerzjy. Hy promovearre doe op wynmûnen op see. Op it kongres hie ien útfûn hoe't se op dy wynturbines komme moasten. Dêr wie in animaasje by te sjen dy't net hielendal doogde, neffens Van der Tempel: "Letter by in pilske op in terras hawwe in kollega en ik datjinge útfûn wat no de 'Ampelmann' hjit."

Mjitte en gau tsjinstjoere

Omdat er promoasje-ûndersyk die oan 'e universiteit, koe Van der Tempel rêstich útsykje hoe't it moast. Yn 2005 hawwe hy en syn kollega mei lytse skaalmodellen bewiisd dat it ek wurket. "Datst sa gau mjitte en tsjinstjoere kinst, datst ek echt stilstiest en feilich oerstappe kinst, sels by hiel hege weagen." Yn 2007 bouden se in prototype en dêr binne se yn 2008 it bedriuw mei begûn.

Hoe sjocht sa'n Ampelmann derút?

It liket wol in grutte spin mei seis blauwe stielen poaten, fertelt Van der Tempel. Dy kinne yn- en útskowe. De 'spinnepoatkonstruksje' stiet oan dek fan in skip. Sensoaren mjitte de beweging fan it skip en stjoere dêr de seis poaten mei tsjin. It skip giet noch wol hinne en wer, mar de boppekant leit stil. Dêr sit in lange rinbrege oan fêst nei it boarplatform of de wynmûne op see en dy skommelet dus net. Der binne no rûnom yn de wrâld mear as 65 eksimplaren fan de stabile rinbrêge yn gebrûk.

Erkenning

Foar Van der Tempel is de nominaasje in geweldige erkenning, want hy komt fan it Europeeske patintburo dat dêrmei útfiners yn it sintsje sette wol. Hy is der hiel wiis mei.

Syn bedriuw bestiet al wat langer en wêrom no dan pas de nominaasje? Van der Tempel: "In útfining is pas wat as oare minsken der jild foar betelje. En as it dan ek noch in sukses wurde moat, dan kostet dat tiid." Der is ek in pubykspriis dêr't minsken op stimme kinne.

Jan van der Tempel oer syn stabile rinbrêge

It bedriuw hjit Ampelmann, Dútsk foar mantsje yn in ferkearsljocht by in oerstekplak, en dan benammen yn Berlyn. Dêr is it eardere DDR-symboal yn ferkearsljochten ("Ampelmännchen") in stylikoan dat op in protte toeristyske produkten stiet.

Van der Tempel hat syn bedriuw neamd nei it mantsje yn de ferkearljochten mei it idee dat de oerstek yn de yndustry-op-see like feilich wêze moat as in strjtte oerstekke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)