Nije foarsitter Fryske hoareka sjocht ferplichte coronasneltest net sitten

Ut in brânsj-ûndersyk fan Koninklijke Horeca Nederland docht bliken dat in mearderheid fan de ûndernimmers in ferplichte coronasneltest foar in besite oan in kafee of restaurant net sitten sjocht. Dêr slút Melle Bakker him as nije foarsitter fan de Fryske ôfdieling him by oan: "Undernimmers binne yn it ôfrûne jier sa beheind, as sy no wer iepen kinne soe it ferfelend wêze dat just sy wer de belêsting krije fan sneltesten."
© Shutterstock.com (Vaggelis Kousioras)
Bakker wol it lanlike lûd trochsette nei syn efterban. "Je wurde hoareka-ûndernimmer om te ûndernimmen. Fan ferline jier juny oant de twadde lockdown hawwe sy sjen litten dat sy it op in ferstannige en ferantwurdlike wize hantearje kinne."

Stien om 'e nekke

In sneltest is foar Bakker syn gefoel wer in ekstra barriêre. "De hoareka-ûndernimmers fiele alle restriksjes noch as in swiere stien om 'e nekke. Eltsenien sjocht út nei it momint dat it wer wat loslitten wurdt. Mar ik moat se ek komplimintearje as it giet om corona, sy sjogge de earnst der ek fan yn en hannelje dêrnei."
Sels hat Bakker ein ferline jier sels syn hoarekabedriuw ferkocht. "Wy sieten al in pear jier yn de faze om it bedriuw te ferkeapjen. Mar it komt yn dizze coronatiid wol fantastysk út."
Ferslachjouwer Willem Vermeltvoort hie in petear mei Melle Bakker