Doke Schmidt ferlinget kontrakt by SC Cambuur

05 maaie 2021 - 17:07

Doke Schmidt hat syn kontrakt by SC Cambuur ferlinge mei noch in jier en in opsje foar noch in seizoen. De ferdigener kaam yn de simmer fan 2019 oer fan rivaal SC Hearrenfean. Schmidt spile oant no ta 53 wedstriden yn de ploech fan trainer Henk de Jong en treft takom jier dus mei Cambuur syn âlde klup yn de earedifyzje.

Foto: Orange Pictures

Technysk manager Foeke Booy fan Cambuur is bliid mei de kontraktferlinging, mei Schmidt nimme de Ljouwerters in soad earedifyzje-ûnderfining mei foar it nije seizoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)