Frijheidstegeltjes op it Ljouwerter Saailân: bern jouwe de frijheid troch

"Vrijheid: koester het, vier het en geef het door": it is ien fan de teksten op de 1.500 tegeltsjes dy't in tydlik keunstwurk foarmje op it Saailân yn Ljouwert. Bern fan 27 lokaasjes fan berne-opfang Sinne Kinderopvang hawwe de tegeltsjes yn allegearre kleuren beskildere om sa sjen te litten wat frijheid foar hat betsjut.
Frijheidstegeltjes op it Saailân
De tegeltsjes binne koartlyn by in bakkerij yn de oven gien en woansdeitemoarn op in poadium midden op it Saailân dellein. Sy bliuwe de hiele befrijingsdei lizzen sadat minsken se op ôfstân besjen kinne. Dêrnei geane de tegeltsjes werom nei alle bern fan de ferskillende opfanglokaasjes.

Frijheid trochjaan

De bern kinne de tegeltsjes werom nei hûs nimme of oan in oar jaan om sa symboalysk de frijheid troch te jaan, fertelt Nanda Tuinstra fan Befrijingsfestival Fryslân. Der is gjin offisjele iepening fan it keunstwurk om't de organisaasje net tefolle minsken byinoar hawwe wol. Mar sy binne bliid dat op dizze wiize dochs it projekt fan de bern sjen litte kinne.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman op it Saailân
Njonken it tegeltsjesprojekt binne der mear keunstwurken yn 'e stêd te sjen, sa as de fotoportretten mei it tema frijheid fan studinten fan ROC Friese Poort. De foto's binne te sjen yn de Blokhúspoarte.
It projekt is in gearwurking tusken Befrijingsfestival Fryslân en it Fries Verzetsmuseum en Keramiekmuseum Princessehof.