BFVW freget om rôfdieren te melden: fûgelwacht wol byld fan predaasjedruk

05 maaie 2021 - 15:57

De Bond van Friese Vogelwachten (BFVW) ropt syn leden op om waarnimmingen fan rôfdieren te melden. Sa wolle sy mear sicht krije op de predaasjedruk yn de provinsje. In soad greidefûgelnêsten en piken sneuvelje trochdat sy opfretten wurde.

Foto: Jetze Genee

Der binne al in soad ûntheffingen jûn om stienmurden te fangen en mei mear as 120 is dat ek bard. Ek de jacht op de foks is wer úteinset nei it ôfrinnen fan de jûnsklok. It bûn lit witte dat de waarnimmingen bygelyks brûkt wurde kinne foar nije pilots. Koartlyn waard dúdlik dat der pilots om rôfdieren en greidefûgels hinne komme yn de Warkumerwaard en by Sânfurd.

Johannes van Stralen fan de BFVW

It bûn ropt syn fûgelwachters ek op om fol te hâlden as it giet om harren frijwilligerswurk. "Je krije altyd wer in 'knauw' as der wer nêsten leech binne, mar hjir en dêr binne wol ljochtpuntsjes. Bygelyks dat je yn byld bringe kinne dat der hieltyd mear stienmurden komme. Mooglik motivearret dat neisoargers ek wat mear om ek oare predatoaren yn byld te brengen", seit Johannes van Stralen fan de BFVW.

(Advertinsje)
(Advertinsje)