Oarlochsferhalen by it sop: "Hy wiuwde noch efkes, it wie in goede Dútser"

De soptocht op Befrijingsdei gie ûnder oare del by Ina de Haan-Van der Weg yn Dronryp. As famke fan 5 wenne se yn de oarloch mei har heit en mem op in pleats by Sint-Jabik. Dêr hiene se in ûnderdûkershol mei alle drokte dy't dêrby heart. Der kaam ek altyd in Dútser om aaien. Ina: "It wie in goede Dútser, sei ús mem." By de ôftocht fan de Dútske troepen seagen se him rinnen. Hy wiuwde noch efkes nei harren.
Befrijingssop yn Fryslân
Yn hiel Fryslân wurde op Befrijingsdei tûzenen blikken frijheidssop besoarge by senioaren en meiwurkers yn de soarch. Dat wurdt dien mei in spesjaal transport. Alde militêre weinen bringe it sop troch de hiele provinsje by de minsken thús of yn it tehûs.

Ek nei Waadeilannen

Organisator Jorrit Volkers hat de moarns de 10.000 blikken sop noch te stean dy't dy deis útsutele wurde. Mei 160 legerweinen en fyftich motors gean se de provinsje yn. De rûte wurdt fanwege de corona net bekend makke, mar minsken sille de auto's wol riden sjen, seit Volkers. Dêrby wurde de Waadeilannen net oerslein. It Fryske Bataljon út Havelte en de Fleanbasis Ljouwert dogge ek mei. Volkers is foarsitter fan it Befrijingsfestival Fryslân en ek lid fan Keep them Rollin, de klup fan eigeners fan âlde legerweinen.
© Groot Heerenveen, Dennis Stoelwinder
De sopútdielers mei dêrachteroan Omrop Fryslânferslachjouwer Geert van Tuinen mei kameraman wiene tongersdeitemoarn ûnder oare yn Ljouwert en Dronryp. By Huize Mariënbosch op It Hearrenfean wiene de legerweinen ek oankaam.

Ljouwert

De tocht begûn de moarns op de Cereswei yn Ljouwert dêr't de blikken sop ophelle waarden út de loads fan organisator Jorrit Volkers. Dêrnei wie de earste stop op it it Dragoonsplein yn de Ljouwerter Frijheidswyk, in tapaslik plak om it sop del te bringen yn in wyk mei strjitnammen neamd nei fersetsminsken.

Dronryp

Dêrnei giet it op nei Dronryp. Frou Ina de Haan wit noch in soad oer de oarloch. Der wiene altyd minsken. Jûns sieten se by ús heit en mem om de tafel. Tolve of trettjin manlju. "Wy as bern mochten nearne oer prate." Ina mocht gjin oare bern mei nei hûs ta nimme om te boartsjen.
Op 't lêst kamen der ek húshâldings om ûnder te dûken. Yn doarpen lykas Bitgummole wie it te gefaarlik fanwege de fleanbasis dêr flakby. "By ús wie altyd wol in skûlplak", fertelt Ina.
© Groot Heerenveen, Dennis Stoelwinder
Mar der waard ek wol risiko naam op de pleats. Sa hat der ris in baljûn, in dûnsfeest dus, west by harren yn de skuorre. Se hiene in eigen alarmearringsysteem betocht. Op de homeie stie ien op de útkyk. By ûnried luts dy persoan oan in tou. Oan it útein fan it tou siet in belle en sa waarden de oaren warskôge.
"Us mem hat der wol wat mei hân", seit Ina. Sy siet altyd te ierdappelskilen. It iten wie dan wol op de bon, mar in boer hat alles. En sa kamen der ek wolris Dútsers om molke of aaien. Ien fan dy Dútsers joech se ris in kear aaien mei, wit Ina noch. Se sei dat it in goede Dútser wie. "By de befrijing, doe't de Dútsers fuort moasten, rûnen se by ús troch. Hy wiuwde noch efkes nei ús."
It útdielen fan it sop troch de minsken fan Keep them Rolling is op Omrop Fryslân te folgjen: digitaal, op radio en telefyzje. Ek in Befrijingsfestival is by ús te folgjen. Op Omrop Fryslân is in liveshow te sjen mei sprekkers en artysten. Dêrneist binne op de websiden fan Bevrijdingsfestival Fryslân en Neushoorn livestreams te sjen mei allinnich muzyk.
© Groot Heerenveen, Dennis Stoelwinder

Brazilianen

In soad legerweinen dy't meiride, hawwe de Amerikaanske stjer derop te stean en sokssawat as 82 of 105 Airborne, Ien wein is in opfallende útsûndering. De eigener hat it suderkrústeken fan de Braziliaanske flagge op syn wein te stean. Syn frou is Braziliaanske. Wat in soad minsken net witte, is dat de Brazilianen ek meifochten hawwe yn de Twadde Wrâldoarloch. De FEB (Força Expedicionária Brasileira) focht mei de Alliearden mei yn Italië.
Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei de eigeners fan de legerweinen