147 nije coronabesmettingen meld yn de ôfrûne 24 oeren

05 maaie 2021 - 15:35

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 147 nije coronabesmettingen bykaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. Dat binne 72 minder as tiisdei doe't 219 besmettingen meld waarden. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 168 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (30), Súdwest-Fryslân (24) en De Fryske Marren (17).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.

Der wienen fiif nije sikehûsopnamen yn ús provinsje. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwertm Smellingerlân, Weststellingwerf en De Fryske Marren.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 7.336 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der de ôfrûne wike alle dagen 7.244.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)