Befrijingsfjoer oanstutsen yn Ljouwert: "Mentaal voeren we nog echt oorlog"

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat woansdei it befrijingsfjoer oanstutsen yn Ljouwert. Op it plein by stedsskouboarch De Harmonie wie fanwege corona in sobere fiering fan it momint. Oanwêzich wiene ek boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert en it model Loiza Lamers. Buma en Brok holden in koarte taspraak oer it belang fan 4 en 5 maaie.
Befrijingsfjoer oanstutsen
It fjoer waard út Wageningen wei troch Lamers nei Ljouwert brocht. It transgender model is ien fan de tolve 'ferskilmakkers' fan Nederlân, bekende en minder bekende Nederlanners dy't harren ynsette foar frijheid en it petear hjiroer oangean.
Neffens Lamers is it fieren fan de frijheid noch altyd nedich. "We leven fysiek in een vrij land, maar ik merk dat we mentaal nog echt oorlog aan het voeren zijn met elkaar. We duwen elkaar in hokjes, geven elkaar labels, we laten elkaar niet uitpraten. Er is weinig vrijheid in onze meningen en in de verschillen."
Se ûnderfynt it sels ek. "Ik ben zelf transgender en daar word ik niet altijd in geaccepteerd. Dat is echt waar ik voor wil staan. Dat geaardheid, etnische afkomst geen verschil moet maken. We zijn allemaal mens en dat is het enige wat telt."
© Omrop Fryslân
Loiza Lamers