Ferâldere klupgebou SV Haulerwyk giet om: nijbou op deselde lokaasje

Fuotbalferiening SC Haulerwyk kriget it nij klupgebou op itselde plak as it gebou fan no op sportpark De Hichte. It gebou soe earst earne oars komme, sadat der parkearplakken komme kinne soene, mar dêr is fan ôfsjoen.
Gebou SC Haulerwyk op sportpark De Hichte © Google Streetview
It klupgebou fan no is net mear fan dizze tiid. It dak lekt en de muorretegels fan de dûsen litte los fanwege stikkene liedings. Fierders binne de enerzjykosten hiel heech. It bestjoer fan de klup seit net mear ynstean te kinnen foar de feilichheid fan de spilers. Boppedat binne der gjin frijwilligers mear te finen dy't it behear en it ûnderhâld dwaan wolle.
It is de bedoeling dat it klupgebou takom jier simmer boud wurdt. Dat kin allinnich trochgean mei in jildstipe fan 500.000 euro fan de gemeente. De gemeente Eaststellingwerf jout fierders in rinteleaze liening fan oant op syn heechst 500.000 euro. En dan moat de klup ek noch 500.000 euro sels regelje, bygelyks mei subsydzjes.
Om de ôflossing fan de liening betelje te kinnen wol de klup de kontribúsje ferheegje en der komt in lotterij. Fierders besjogge it boubedriuw en de klup mei-inoar wat de leden en de sponsoaren sels dwaan kinne oan de bou.