Kollum: "Frijheid?"

05 maaie 2021 - 08:56

"It is hjoed 5 maaie en dan betinke we ús frijheid. Skyt omheech! We binne ús frijheid al lang wer kwyt. As ik nochris in putsje doch, moat ik dêr sels belesting oer betelje. Móat. Want o wee, as je yn tsjok waar reitsje mei de hillige belestingtsjinst, dy't je op diktatoriale wize teplak set. De regearing is net by machte soks yn te damjen.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Boppedat, fan dy belesting wurde de meast waansinnige dingen dien. Al soe de hiele Fryske befolking bygelyks tsjin in stroomtried ûnder Nasjonaal Park Skier troch wêze, en dat is sa, dan komt dy der likegoed al.

Tsjin dyselde befolking yn, gean de gasboarders gewoan troch, krekt salang dat hiel Fryslân in meter sakket, de helte fan de hûzen yn elkoar donderet en sels de Grinzers ús útlaitsje. En as we wolle dat der nét mear boarre wurdt, moat der as kompensaasje sikehûs- en kearnsmoargens yn de leechsûge gasgatten.

Wy soenen graach genietsje wolle fan sjongende fûgels, mar de loft is fol fan stikdjoere, ûnnedige, te lûd knallende strieljagers. Lekker bomkes op Waad en Flylân smite sûnder fergunning. Der komme aanst noch mear. Oefenje. Want se beheine net iens inkeld ús frijheid, mar ek dy fan oare mienskippen mei dat militêre gedoch rûnom yn de wrâld. Se ha ús neat frege, mar we moatte wol betelje. Is dat de frijhheid dy't we hjoed fiere?

Oer fûgels sprutsen. Yn alle frijheid bepaalden we altyd sels it lykwicht tusken mûzebiters, foksen en skriezen. We meie no nearne mear oankomme. Takom jier in lyts proefke yn twa stikjes lân by Sânfurd, dan tink ik sân jier âldehoere en dan wurdt it noch neat.

Dat let neat, want it lân is dochs neat foar de fûgels. We krigen allegear in glossy fan de provinsje, dy't we trouwens betelle ha sûnder dat ús wat frege is, en dêryn stie dat it wetter omheech moatte soe om de feangreide te rêden. Moatte sóe. Dat bart net. Boeren sizze dat it wetter leech bliuwe moat. Dan bliuwt it leech.

Want elkenien is diktator fan syn eigen grûn. Dat sóe in stikje frijheid wêze, mar ík mei net in beam dy't heger wurdt as 2,5 meter yn myn tún plantsje. En dy boeren binne ek net frij, dy moatte aanst noch in knoarre grûn ynleverje foar hûzen, in oerstallige trein nei Grins en sinnefjilden.

Frijheid wie altyd it hillige biedwurd fan ús boeren. En fan ús skippers. Mar harren Iselmar wurdt folset mei wynmûnen, dy't oan de wâl ús eagen ek noch sear dogge. En we ha der beiden nee tsjin sein. Dat is noch ús iennige frijheid. Nee sizze tsjin dingen dy't likegoed barre.

We ha ússels de frijheid ûntnaam. We ha in mienskip wêryn't we minsken kieze om ús frijheid behâlde te kinnen, mar sadree't as dy in stap oer de drompel nei macht sette, binne se:

- óf te sleau om de goede dingen te roppen en te dwaan;

- óf se wurde ûnder de seadden wâde troch de besteande minsken dy't de macht ha en dy konstant misbrûke. Om't se miskien wol nei ús harkje, mar der neat mei dogge;

- óf de measten dy't dy drompel oerstappe, krije daliks dat machtsgefoel om buorman tenei de bek te snuorjen.

En buorman, jo en ik: wy dogge neat. Wy fine it bêst dat we in besettende macht ha, sadat we omraak seure kinne oer saken dy't ús oantaaste yn us frijheid.

Sa is úteinlik de oerheid betize yn ûnderlinge, sinleaze diskusjes. Dêrtroch dogge se neat. Watte, se litte harsels leaver nei hûs stjoere as dat se skansearre saken yn de mienskip ferbetterje en oplosse wolle. Dy lju besette ús. En de grutste grap is dat se wakker ynsitte oar har byld nei minsken ta, wylst de minsken dêrtroch krekt hieltyd fierder fuortreitsje.

Ik hie fan 'e moarn de Fryske frijheidsflagge úthongen. Ik hearde nei mysels en tocht deroer om grimmitich nei bûten te gean en him wer te striken. We binne ommers net mear frij. Mar ik hearde it walchlike ferhaal fan Baudet. No lit ik him dus hingje, want dan fiel ik mysels frij fan dat freeslike Forum. En dat is de alderwichtichste frijheid."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)