Jellumer tsjerke kin omboud wurde ta teäter nei slagge ynsammelaksje

De plannen om yn de tsjerke fan Jellum in teäter en in edukatyf sintrum te meitsjen, kinne trochgean. De ynsammelaksje mei as doel om 10.000 euro op te heljen, is slagge.
Ynsammelaksje slagge foar teäter yn Jellumer tsjerke
It jild is bedoeld foar de meubels en it ynterieur en ûnmisbere saken foar in teäter. "Ja, dat is fantastisch", fynt Jan Dirk van Ravensteijn fan it bestjoer fan de Jellumer tsjerke, de stichting Mammemahuis. "Het geld is puur voor stoelen, licht, geluid en techniek, zodat we er ook echt een theater van kunnen maken."
Mar se binne der noch net, want yn de Jellumer tsjerke wol de stichting mei in útstalling de skiednis en archeologyske fynsten foar it ljocht bringe. "We zijn al een aantal jaren geleden begonnen. Hoe langer we ermee bezig zijn, hoe meer er letterlijk boven de grond komt. Dat kost ook weer geld. Dus er is nog steeds heel veel nodig", seit Van Ravensteijn.
De grêfkelder yn de Jellumer tsjerke is ek te besjen nei it weromsetten fan kisten en bonken © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It moat in 'kultuer- en beleefhûs' wurde om de 17e-iuwske grêfkelder fan Jonker Sicke van Dekema hinne. Mei in tentoanstelling fan de 3D-rekonstruksje fan de skedel fan de jonker, mei sarkofagen, âlde boustiennen en grêfskriften. Ek moat de kelder tagonklik wurde foar publyk. Se hoopje nei de simmer iepen te kinnen.
De grêfkelder is yn febrewaris ferline jier ûntdutsen, nei't de flier fan de tsjerke iepenbrutsen waard.
Skedels fan famylje fan Jonker Sicke © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Wa wie Jonker Sicke?

Sicke van Dekema waard yn 1548 yn Jellum berne. As jongfeint reizge er nei Keulen, Spanje en Italië om te studearjen. Hy waard doktor yn de rjochten. Nei't syn mem yn 1575 ferstoar, waard hy eigener fan Mammema State yn Jellum (no Hegedyk 30). Op polityk mêd wie hy aktyf as lid fan it kolleezje en as ôffurdige yn kommisjes. Hy troude mei Hil van Tamminga en krige op syn minst njoggen bern. De measte bern ferstoaren jong, inkeld trije dochters waarden âlder. Yn 1625 ferstoar Sicke, fiif jier nei syn frou.