Hoe kinst op dizze Befrijingsdei coronaproof de frijheid fiere?

05 maaie 2021 - 06:00

Fier de frijheid op dizze 5 maaie mei Omrop Fryslân! Dit jier is it 76 jier lyn dat Fryslân befrijd waard en dy frijheid wurdt grut betocht en fierd yn ús provinsje. Mar wol folslein coronaproof. By Omrop Fryslân kinst de hiele dei de sfear belibje fan Befrijingsdei mei it oanstekken fan it frijheidsfjoer, útdielen fan befrijingssop, it Noardewynpoadium Fryslân en as hichtepunt in live útstjoering fan it Befrijingsfestival yn De Harmonie. Lês alles dêroer hjirûnder.

Foto: Omrop Fryslân

12.00 oere: Befrijingsfjoer livestream op ynternet

Om 12.00 oere wurdt it frijheidsfjoer oanstutsen yn Ljouwert. It fjoer wurdt troch model Loiza Lamers oer it wetter nei kommissaris fan de Kening Arno Brok brocht, dy't op syn beurt it frijheidsfjoer oanstekt. Loiza Lamers is ien fan de saneamde 'ferskilmakkers' fan Nederlân, bekende en minder bekende Nederlanners dy't harren ynsette foar frijheid en it petear hjiroer oangean.

13.00 oere: Befrijingssop live op telefyzje & radio

Net digitaal, mar wol coronaproof is dat op de dei sels 10.000 âldere minsken yn de provinsje mielsop krije. Telefyzjekok Yvette van Boven hat it resept makke. De blikken wurde útsutele mei âlde en moderne legerweinen dy't twa oan twa de provinsje yngean. De rûte wurdt fanwegen corona net bekend makke. De tochten binne te folgjen op Omrop Fryslân livestream, radio en telefyzje.

16.00 oere: Weromblik 10 jier Noardewynpoadium op telefyzje

Tusken 16.00 en 17.00 oere is in kompilaasje fan de lêste tsien jier Noardewynpoadium te sjen op telefyzje. Yntusken hat it Noardewynpoadium in fêst plak yn de programmearring fan it Befrijingsfestival. Yn de kompilaasje komme ûnder oaren Elske DeWall, De Hûnekop, Anneke Douma, Griet Wiersma, Twarres en De Doelleazen foarby.

17.15 oere: Befrijingsfestival live op telefyzje

Fan 17.15 oere ôf kinst by Omrop Fryslân sjen nei in live útstjoering mei bysûndere ynterviews en reportaazjes presintearre troch Willem de Vries. It programma sit fol mei muzikale bydragen fan Tino Martin, Davina Michelle, De Kast, Wulf, Boaz, Electric Hollers en Wiebe Kaspers.

Dit jier wurdt de frijheid grut betocht en fierd yn ús provinsje, ûnder de namme 75+1. Omrop Fryslân jout oant en mei 6 maaie wiidweidich omtinken oan alle projekten en aktiviteiten. Fan live-útstjoeringen oant podcasts en muzyk. Lês alles dêroer op omropfryslan.nl/75plus1.

(Advertinsje)
(Advertinsje)