Fryslân stiet stil by oarlochsslachtoffers: in oersjoch fan ferskate plakken

04 maaie 2021 - 21:20

Op ferskate plakken yn Fryslân waarden tiisdeitejûn alle oarlochsslachtoffers sûnt it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch betocht. It wie de twadde kear dat dit fanwegen de coronamaatregels op in oare wize moast. It tal minsken waard by de betinkingen sa leech mooglik holden en publyk wie net tastien.

Foto: Twitter: @cdkfryslan

Kommissaris fan de Kening Arno Brok wie by de deadebetinking op it begraafplak Vredenhof op Skiermûntseach. It wie foar it earst dat in kommissaris fan de Kening net by de provinsjale betinking wie.

Foto: Dennis Stoelwinder/GrootHeerenveen

By it monumint oan de Van Maasdijkstrjitte op It Hearrenfean stie tiisdeitejûn tusken 18.00 en 20.15 oere in earewacht fan feteranen. Boargemaster Tjeerd van der Zwan lei om 18.00 oere in krâns út namme fan de gemeente Hearrenfean.

Ek yn Burgum wie der in betinking mei in stik minder minsken. Sa wiene de ôffurdigingen fan marine, loftmacht en lânwacht dit jier net oanwêzich. Om tsien minuten foar achten waarden der krânsen lein by it oarloachsmonumint op it begraafplak by de Krústsjerke troch boargemaster Jeroen Gebben, Doarpsbelangen Burgum en Rotaryklup Burgum. Dêrnei waard de Taptop spile troch dhr. H. van der Kooij.

By it Joadske begraafplak yn Teakesyl wie dit jier fanwegen de coronamaatregels gjin betinking. Wol kamen der ferskate minsken del op it stuit dat gewoanwei de betinking plakhân hie. Se leinen blommen del by de betinkplakken.

De gemeente De Fryske Marren hie ek it betinkplak by de Lemster Toer fan blommen foarsjoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)