Faunabeskerming tinkt nei oer juridyske stappen om sânferpleatsing op It Amelân

04 maaie 2021 - 20:30

De Faunabeskerming tinkt nei oer juridyske stappen om de sânferpleatsing by it Griene Strân by Ballum, dat foar kommende sneon pland stiet, tsjin te hâlden. It sân wurdt troch de leden fan Freonen fan it Badstrand Ballum ferpleatst om in bettere tagong nei de see te meitsjen foar de badgasten. Dat is neffens de Faunabeskerming lykwols yllegaal.

It Griene Strân fan Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De Faunabeskerming tinkt dat it ferpleatsen fan it sân desastreuze gefolgen ha kin foar de seldsume fûgels dy't briede by it Griene Strân, wat oanwiisd is as in Natura 2000-gebiet.

"In het verleden is dus gebleken dat als er zulke operaties werden uitgevoerd er een hele hoop verstoring en schade wordt aangericht aan dat Groene Strand door mensen die er wandelen", seit Harm Niesen fan de Faunabeskerming.

Tastien

Neffens boargemaster Leo Pieter Stoel is de sânferpleatsing lykwols tastien. "Wij denken niet dat het slecht is voor het gebied", seit de boargemaster.

"Juist door dit te doen voorkomen we dat mensen in het Groene Strand-gebied komen, wat inderdaad een natuurgebied is met een heel speciaal karakter. Dit gaat er langs en dit zorgt er dus ook voor dat de badgasten uit dat gebied blijven en er aan de oostkant langsgaan", sa seit Stoel.

Der wurdt by de wurksumheden ek rekken holden mei de seldsume briedfûgels. "Het is goed afgestemd, ook met een ecoloog, ten aanzien van de broedvoorzieningen. Het is broedtijd, dus je moet niet in een broedgebied komen. Daar wordt apart op gelet, dat men daar voldoende afstand van houdt en dat dat goed gaat", seit de boargemaster.

Juridyske stappen

De Faunabeskerming lit it der net by sitte en is yntusken dwaande mei in advokaat. "Als onze advocaat tot het oordeel komt dat dit echt niet kan en in strijd is met de wet, dan zullen wij onze uiterste best doen om nog voor zaterdag een verbod van een voorlopige voorzieningenrechter te krijgen", seit Niesen.

De boargemaster wachtet dat rêstich ôf. "Wij staan niet boven de wet. Als de Vrienden van het Ballumer strand dus geconfronteerd worden met een negatieve gerechtelijke uitspraak, dan zal het moeten stoppen. Daarvoor is een rechter in dit land", seit Stoel.

Harm Niesen fan de Faunabeskerming en boargemaster Leo Pieter Stoel

(Advertinsje)
(Advertinsje)