MCL docht proef mei oare oanpak by neisoarch kankerpasjinten

04 maaie 2021 - 19:00

Sikehûs MCL yn Ljouwert docht in proef mei in oare oanpak foar de neisoarch foar kankerpasjinten. Ferpleechkundigen geane yn dy proef nei de minsken thús ta. Gewoanwei komme de pasjinten foar de neisoarch nei it sikehûs.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De oare oanpak betsjut neffens it sikehûs dat de pasjinten bettere persoanlike soarch krije. Foar it MCL sels betsjut it dat der better en effisjinter wurke wurde kin.

De proef duorret in heal jier. As bliken docht dat it goed wurket, is it de bedoeling dat de oanpak trochset en ek útwreide wurdt.

Trefwurden: 
proef kanker MCL
(Advertinsje)
(Advertinsje)