Keamerfragen fan PvdA oer stroomkabel troch Skiermûntseach

De PvdA yn de Twadde Keamer makket him soargen oer de plannen foar in stroomkabel dwers troch Skiermûntseach hinne. Dy kabel is nedich om de stroom fan in nij, grut wynmûnepark boppe Skiermûntseach nei Eemshaven te krijen. Der binne Keamerfragen yntsjinne troch Gijs van Dijk en Joris Thijssen.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De PvdA freget de minister fan Ekonomyske Saken wat de ekologyske risiko's binne fan in kabel troch it eilân. De partij wol witte oft de kabel net ten easten fan Skiermûntseach dellein wurde kin.
As it al ûnder it eilân troch moat, dan wolle de PvdA'ers witte oft der noch keazen wurde kin foar ferskate opsjes. Ek binne sy benijd nei hoe't it him ferhâldt mei ekologyske skea troch gaswinning.
Keamerlid Joris Thijssen fan de PvdA