Sven Kramer suksesfol operearre: 'Grutte kâns dat er hjirmei better prestearret'

04 maaie 2021 - 17:38

Sven Kramer hat tiisdeitemoarn in operaasje oan de rêch ûndergien. De relatyf lytse yngreep is suksesfol ferrûn. It opknappen fan de operaasje duorret nei skatting inkelde wiken.

Foto: Orange Pictures

De ôfrûne seizoenen hie Kramer regelmjittich te krijen mei ûngemak oan de rêch.

"Normaliter kies je als sporter in het olympisch seizoen liever niet voor een operatieve ingreep. Ik heb veel vertrouwen in professor Peul en de uitkomst van het onderzoek en de aard van de ingreep geven het comfort om deze operatie toch te verrichten", seit Kramer.

"De afgelopen weken heb ik veel extra trainingsarbeid verzet en daarmee een flinke buffer opgebouwd voor de periode van herstel. Ik zie de toekomst met veel vertrouwen tegemoet."

'Better prestearje'

Ek coach Jac Orie is posityf: "De fysieke waarden van Sven zijn al jaren op topniveau en verbeteren zelfs nog steeds. Op het ijs laat zijn lichaam hem af en toe in de steek. Alles afwegende durven we deze stap te zetten, omdat we denken dat er grote kans is dat hij hiermee beter en vooral stabieler zal kunnen presteren", sa seit hy.

Kramer sil op 23 maaie wol gewoan mei Team Jumbo-Visma ôfreizgje nei it trainingskamp yn it Italiaanske Collalbo.

Trefwurden: 
reedriden Sven Kramer
(Advertinsje)
(Advertinsje)