Deadebetinking yn de Ljouwerter Prinsetún: 19.45 oere live te folgjen by Omrop Fryslân

04 maaie 2021 - 16:51

Eins duorret de Deadebetinking yn de Prinsetún de hiele dei. In grut tal feteranen en maatskiplike organisaasjes komt del, mar wol útsmard oer de hiele dei. Want troch it coronafirus kin net eltsenien op itselde momint byinoar wêze mei it krânslizzen. Fia Omrop Fryslân is de Deadebetinking te folgjen, mei in live útstjoering fan 19.45 oere ôf.

Deadebetinking yn de Ljouwerter Prinsetún

Henk Moorlag leit as feteraan twa krânsen by it monumint yn it Ljouwerter park. "De eerste krans is van VOMI Friesland, de Vereniging Oud-Militairen Indië- en Nieuw-Guineagangers. En de tweede is van de BNMO, de Bond van Nederlandse Oorlogs- en Dienstslachtoffers."

Fanselssprekkend is dat net mear, want feteranen wurde âlder en klups wrakselje mei de takomst. Opheffing is foar de VOMI al wis. "Het wil niet meer, het lukt niet meer. Er komen geen nieuwe mensen meer bij," seit Moorlag.

Emosjoneel

De betinking wie dêrom net minder yndrukwekkend. "Ik vond het heel emotioneel. We waren natuurlijk gewend dat er veel mensen in de Prinsentuin stonden. Maar het coronavirus heeft ons een andere richting gewezen. Ik ben zelf betrokken geweest bij Nieuw-Guinea, daar heb ik anderhalf jaar gezeten onder oorlogsomstandigheden. Dan werp zo'n herdenking je weer terug in het verleden."

Ik heb 30 jaar aan de medicijnen gezeten omdat men dacht dat ik astma had. Maar ik had een oorlogstrauma.

Feteraan Henk Moorlag fan Ljouwert

Moorlag hat sels de gefolgen fan in oarloch ûnderfûn. "Ik heb 30 jaar aan de medicijnen gezeten omdat men dacht dat ik astma had. Maar ik had een oorlogstrauma. Dat is pas na 30 jaar tot uiting gekomen. Toen heb ik een half jaar bijna niet meer geweten dat ik in de wereld bestond. Toen ben ik bij de BNMO terechtgekomen."

Oarlochsfeteraan Henk Moorlag

Net allinne troch feteranen wurde der krânsen dellein, mar ek troch tal fan maatskiplike organisaasjes. Brenda de Groot en Mika van Hoorn fertsjinwurdigje de mienskip fan LHBTIQ+. "Wij doen dit namens alle organisaties die zich hier inzetten voor de community. Dus onder meer Tûmba, COC Friesland, Pride Leeuwarden. Wij willen laten zien dat de vrijheid die we nu kennen niet vanzelfsprekend is. Maar dat het ook zelfs nú nog niet voor iedereen vanzelfsprekend is. Gelijke rechten kunnen heel snel weer wegvallen."

Gelikense frijheden

Omtinken foar it ferline is dêrby ek wichtich, sizze de sy. "We kunnen het verleden niet vergeten, we moeten ook herinneren waar we vandaan komen." Har kompanjon follet oan: "It is in wichtich symboal, ik bin hjir foar de jongerein. Wy hearre ek gewoan by de mienskip. Ik wol sjen litte dat wa't wy binne, okee en normaal is. Guon minken binne der benaud foar of dogge dingen dy't net kinne."

Brenda de Groot en Mika van Hoorn

Troch it coronafirus is in betinking mei publyk dit jier net mooglik, mar Omrop Fryslân stjoert de Deadebetinking yn de Prinsetún yn Ljouwert tiisdei 4 maaie fan 19.45 oere ôf út. Sa kin eltsenien de betinking yn de eigen wenkeamer dochs noch 'live' meibelibje.

Omrop Fryslân hat yn it ramt fan 75+1 jier frijheid ferskate programma's, aktiviteiten en projekten yn 't fet. Lês alles dêroer op omropfryslan.nl/75plus1

(Advertinsje)
(Advertinsje)