Oanpaste deadebetinkingen: sjoch hjir hoe't it jûn yn dyn gemeente giet

De deadebetinking is dit jier, krekt as ferline jier, oars as oars. De betinkingen rûnom yn ús provinsje binne fanwegen it coronafirus net tagonklik foar it publyk. Dêrom hat Omrop Fryslân hjirûnder op in rychje set hoe't de gemeentlike betinkingen yn de ferskate gemeenten dochs noch te folgjen binne.
© De Vries Media

Ljouwert

Yn de gemeente Ljouwert is de betinking yn de Prinsetún. Dizze is om 19:45 oere live te sjen op Omrop Fryslân en Podium TV. De betinking is net tagonklik foar publyk.

Hearrenfean

Boargemaster Tjeerd van der Zwan sil in krâns lizze by it Van Maasdijkmonumint op It Hearrenfean. Dit momint sil earder op de dei wêze en sil útstjoerd wurde om 19:00 oere op de webside fan de gemeente. Dêrneist ropt de gemeente ynwenners op om blommen by ien fan de oarlochsmonuminten te lizzen.

Harns

Om 16.00 oere is in krânslizzing en betinking by it Zeeliedenmonumint op de Waddenpromenade. De krânslizzing wurdt dien troch boargemaster Roel Sluiter en dhr. Zwaan fan de plysje Infra.
Om 19.40 oere is der in gearkomste op it algemiene begraafplak fan Harns. Dizze is live te sjen op de webside fan Omroep RSH, de lokale omrop fan de gemeente Harns. Nei ôfrin is de betinking werom te sjen op de webside fan de gemeente Harns.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Súdwest-Fryslân

Boargemaster Jannewietske de Vries sil in krâns lizze op it Oud Kerkhof yn Snits. Om 18.00 oere is der in lytse plechtichheid sûnder publyk. Foar sneuvele Kanadeeske soldaten sil in krâns lein wurde by de Martinitsjerke en ek by it Joadske Monumint yn de stedshûstún sil in krâns lein wurde.
De taspraak fan de boargemoaster sil letter te sjen wêze op de webside fan de gemeente.

De Fryske Marren

It gemeentebestjoer is oanwêzich by lokale betinkingen foar it lizzen fan in krâns en it hâlden fan in taspraak. Op De Jouwer sil boargemaster Fred Veenstra oanwêzich wêze foar in krânslizzing en taspraak. Dizze is te sjen op Vimeo en sil útstjoerd wurde op de lokale omrop Radio Spannenburg. Lokale betinkingen binne yn Aldemardum, Nijemardum, Ousterhaule en Sint-Jânsgea.

Smellingerlân

De deadebetinking is live te sjen op de Facebookside fan de gemeente. Dizze set útein om 19.30 oere. Boargemaster Jan Rijpstra sil mei learlingen fan basisskoallen krânsen lizze yn it Van Haersmapark.
Deadebetinking yn de Ljouwerter Prinsetún © Omrop Fryslân, Willem de Vries

Waadhoeke

By de Martinitsjerke yn Frjentsjer sille fan 19:00 oere ôf twa seremoanjes hâlde wurde. Dizze binne te sjen fia in livestream fan kerkomroep.nl. By de betinking sil Frank Steensma fertelle oer syn heit Carel. Hy wie piloat en fersetsstrider en kaam út Frjentsjer.

Opsterlân

Boargemaster Ellen van Selm sil oanwêzich wêze by in lytse betinkingsgearkomste yn Beetstersweach. Dizze is fan 19.45 oere ôf te sjen op www.sa24.nl/4mei2021. Basisskoalle De Finne, muzykferiening Euterpe en ynwenners sille harren bydrage jaan oan it programma.
Yn De Tynje is in sobere betinking dy't live te sjen is op www.pbt.tijnje.nl.

Weststellingwerf

De betinkingen yn Wolvegea, Noardwâlde, Nijeholtwâlde en Spangea binne dit jier sûnder publyk. Op alle lokaasjes is in wethâlder oanwêzich of de boargemaster. De betinkingen wurde foar safier bekend net útstjoerd.
© GrootHeerenveen

Dantumadiel

Yn Dantumadiel bestiet it programma út in taspraak fan boargemaster Agricola en der is in krânslizzing by it gemeentlik betinkingsmonumint yn Damwâld. Mei bern fan De Sprankeling wurde der krânsen lein. Piet Wijbenga sil fertelle oer de oerfal by de brêge yn De Falom.
De betinking is te sjen op telefyzje fia RTV NOF.

Noardeast-Fryslân

De betinking bestiet út in taspraak fan boargemaster Johannes Kramer en berneboargemaster Marije Adema. Sy sil fertelle oer it delstoarte fleantúch yn de Twadde Wrâldoarloch by Westergeast. Fierders is der omtinken foar de befrijing fan Fryslân troch de basisskoallen yn Ternaard en Mitselwier. Bern ha gedichten makke en in stille tocht hâlden.
De betinking is fan 19.30 oere te sjen by RTV NOF.

Tytsjerksteradiel

De betinking yn Burgum is live te sjen by RTV NOF. De taspraak fan boargemaster Jeroen Gebben is om 19.48 oere. Dêrnei folget in krânslizzing en folge de twa minuten stilte.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Flylân

Fanwege it coronafirus is de betinking yn de Nicolaastsjerke en op it tsjerkhôf dit jier net tagonklik foar publyk. De betinking is dêrom live te sjen op Vimeo.

Skylge

Der is op Skylge gjin grutte betinking. Lykas ferline jier is der gjin stille tocht. Oerdeis wurde der op ferskate plakken krânsen lein. Jûns om 19.00 oere is der in live-útstjoering fan Terschelling TV op YouTube. Op it Ingelske begraafplak yn West-Skylge is der in krânslizzing. Ek is yn de útstjoering de premjêre te sjen fan de dokumintêre "Dwangarbeiders van Terschelling 1942-1945, waar niet over gesproken werd".

Amelân

Yn Hollum is der om 19.15 oere in betinking sûnder publyk. Dizze sil útstjoerd wurde fia de tsjerkeradio, foar klanten fan Kabelnoord is dizze te hearren op kanaal 960.
Yn Nes is der gjin gearkomste. Dêr wurde allinnich krânsen lein op it algemiene begraafplak. Bylden hjirfan binne letter op de jûn werom te sjen op it YouTubekanaal fan de gemeente Amelân.
© ProNews

Skiermûntseach

Kommissaris fan de Kening Arno Brok wennet de deadebetinking op Skiermûntseach by. Hy is mei boargemaster Van Gent oanwêzich by de krânslizzing troch bern by in betinkingsplakette by de tsjerke en sil dêrnei út namme fan it provinsjebestjoer om 20.00 oere in krâns lizze op oarlochsbegraafplak Vredenhof.

Eaststellingwerf

De gemeente hat neat bekend makke oer gemeentlike betinkingen.

Achtkarspelen

De gemeente hat neat bekend makke oer gemeentlike betinkingen.