RIVM: 219 nije coronabesmettingen meld, acht sikehûsopnamen

04 maaie 2021 - 15:34

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 219 nije coronabesmettingen bykaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. Dat binne 79 minder as moandei doe't 298 besmettingen meld waarden. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 175 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (44), Súdwest-Fryslân (38) en Hearrenfean (20).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Waadhoeke.

Der wienen acht nije sikehûsopnamen yn ús provinsje. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân, Hearrenfean, Achtkarspelen, Waadhoeke (3), Harns en Dantumadiel.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 7.830 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der de ôfrûne wike alle dagen 7.441.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)