Binnenstêd Snits moat better befarber: lege brêgen faker iepen yn pilot

Stichting Waterstad Sneek en gemeente Súdwest-Fryslân hâlde takom simmer in pilot om de binnenstêd better berikber te meitsjen fia de grêften. Dêrom wurde de lege brêgen oan de Swette en de Looxmagrêft faker iepene foar sloepen en motorboaten mei in trochfarhichte oant oardel meter.
Zwetterbug © J. van der Pol
Snits hat in pear lege brêgen dy't foarkomme dat je mei in sloep de stêd fia it Noarden ynkomme kinne. De yngongen fia de Swette en de Frjentsjerterfeart rinne min ofte mear dea. Ek kinne je net om de binnenstêd hinne farre. Dat moat oars, fine de partijen.

Himelfeartwykein

Mei it Himelfeartwykein wurde de Zwettebrug en de Laatste Stuiverbrug tusken 9.00-19.00 oere op ôfrop betsjinne. De Koninginnebrug giet snein 16 maaie de hiele dei iepen.
De stichting wol ek de Koningsbrug heger meitsje en in nije brêge by de Bloemstraat, mar dy plannen lizze noch yn de takomst. De gemeente en Vereniging Ondernemend Sneek wurkje mei oan de plannen om de binnenstêd better befarber te krijen.