Warskôgingsskotten lost nei't man mei bile brânwachtkazerne Ljouwert oanfalt

04 maaie 2021 - 13:16

De plysje hat tiisdei in man oanholden nei't er fernielingen oanrjochte hat by de brânwachtkazerne oan de Aldlânsdyk yn Ljouwert. Dat die de man nei alle gedachten mei in bile. De plysjeminsken wiene twongen om warskôgingsskotten te lossen, sa lit de plysje witte.

Hy like yn de war te wêzen en rôp om ferdôvjende middels. De plysjes warskôgen de man dat er de bile falle litte moast. Doe't er dat net die, brûkten se pepperspray. Dat hie gjin effekt. De man kaam driigjend op de plysjeminsken ôf. Dêrop binne warskôgingsskotten lost.

De fertochte is dêrnei oanhâlden en meinaam nei it buro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)