Spesjaal arrest online oer moedige rjochters yn Twadde Wrâldoarloch

04 maaie 2021 - 13:07

Op dizze dei fan de Deadebetinking jout de rjochtspraak spesjaal omtinken oan trije riedshearen fan it gerjochtshôf yn Ljouwert. Yn febrewaris 1943 foarkamen sy mei syn trijen dat in man nei it beruchte Kamp Erika yn Ommen stjoerd waard. Dat dienen se mei it saneamde Ljouwerter arrest. Dy tekst is no opnaam yn it útsprakeregister fan de rjochtspraak.

Foto: www.rechtspraak.nl

De saak gie om stellerij. De riedshearen Viehoff, Wedeven en Heymeijer moasten beslute oer it lot fan in man dy't 1.500 gûne fan de skoanfamylje stellen hie. De rjochtbank feroardiele de man earder ta njoggen moannen selstraf. As de riedshearen dat oernimme soenen, moast de man nei Kamp Erika yn Ommen. Finzenen waarden dêr ôfbeule, úthongere en ôfransele. Dêrom feroardielen se him ta de tiid dy't er yn foararrest siet. Se ha 'om des gewetens wille' gjin hegere straf oplein. Yn de Twadde Wrâldoarloch binne net folle fersetsdieden dien yn de rjochtspraak, dit is der wol ien fan.

Berop op it gewisse

Herman Hermans is âld-vice-presidint fan ûnder oare it Ljouwerter gerjochtshôf. Hy hat it boek 'Om des gewetens wille' skreaun oer dit Ljouwerter arrest. Hy fertelt dat it arrest him noch hieltyd rekket. "De zaak was van zichzelf niet bepaald groots en meeslepend, maar het gaat natuurlijk om de moed van deze raadsheren om niet alleen hun geweten mee te laten wegen in hun beslissing, maar ook om dat uitdrukkelijk te verwoorden. Overigens zonder daarbij van de wet af te wijken."

"Een bijzonder dappere beslissing, met persoonlijke gevolgen: de raadsheren Viehoff en Wedeven worden door de Duitsers ontslagen en duiken onder. Heymeijer was slechts raadsheer-plaatsvervanger. Mogelijk vonden de Duitsers hem om die reden niet belangrijk genoeg om te ontslaan. Daardoor kwam hij in een moeilijke positie. Mensen zouden kunnen denken dat hij met de Duitsers onder één hoedje speelde. Hij heeft toen zelf om ontslag verzocht, maar dat werd niet aanvaard. Later is ook hij ondergedoken."

Hoe gewetensvol ben je zelf als rechter?

Herman Hermans

Ek no hat de útspraak noch betsjutting fynt Hermans. "Ik denk bijvoorbeeld aan de toeslagenaffaire. In hoeverre neem je dan als rechter de ruimte om naar je geweten te luisteren, ook als de wet die ruimte niet lijkt te bieden? Kortom: hoe gewetensvol ben je zelf als rechter?"

Symboalysk

It opnimmen fan de útspraak yn it online register is foaral symboalysk. It arrest wie as earbetoan al yn 1951 publisearre yn de Nederlandse Jurisprudentie. "Maar het is goed dat de uitspraak nu gemakkelijker te vinden is. Dat helpt om dit belangrijke arrest in ons collectieve geheugen te houden."

Herman Hermans

(Advertinsje)
(Advertinsje)