PvdA yn De Fryske Marren wol strjitten neame nei fersetskoeriersters

De fraksje fan de Partij van de Arbeid yn De Fryske Marren wol dat der yn of om De Lemmer strjitten neamd wurde nei twa koeriersters. It giet om Willemtje van der Gaast en Lena Koopmans, twa froulju dy't yn oarlochstiid foar it ferset wurken.
Argyfbyld fan De Lemmer © Shutterstock.com (Henk Vrieselaar)
Ofrûne sneon is de namme fan it 'Burgemeester Krijgerplein' op De Lemmer offisjeel feroare yn de namme 'Markt.' Dat is dien omdat dizze boargemaster, Marinus Krijger (1903-1957), ferantwurdlik wie foar de arrestaasje fan seis ûnderdûkers yn Ychten. Ut ûndersyk fan fan it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie (NIOD) die bliken dat Krijger te min dien hat om te foarkommen dat der ûnderdûkers arrestearre waarden. Nei in petysje naam it kolleezje it advys fan it NIOD oer.

Omtinken foar froulju

No't de namme fan it plein feroare is, hopet de PvdA dat it kolleezje ek omtinken hat foar de fersetskant. Nei de oarloch waarden der in soad strjitten neamd nei fersetsmanlju, mar folle minder nei fersetsfroulju.
Neffens Wietze de Haan fan de PvdA soene koeriersters dêr goed foar yn oanmerking komme. Koeriersters ferfierden bygelyks bonnen, persoansbewizen en wapens. Sy foarmen ek in wichtige skeakel tusken ferskate fersetsorganisaasjes.
Wietze de Haan fan PvdA De Fryske Marren
"De rol van vrouwen blijft onderbelicht, maar zij hebben een belangrijke rol gespeeld binnen het verzet, ook in onze gemeente De Fryske Marren," sa skreau De Haan ferline wike yn in brief oan it kolleezje fan De Fryske Marren.

Brieven en wapens op de fyts

Ien fan dy fersetsfroulju wie Willemtje van der Gaast (*1921) fan Jistergea. Yn de rin fan de oarloch waard de bewegingsfrijheid fan manlju minder, dêrom giene yllegale organisaasjes hieltyd mear in berop dwaan op famkes en froulju. Sa ek Willemtje, dy't de fersetsnamme Willy krige. As koerierster fytse sy mei tal fan brieven fan ûnderdûkers. Mar somtiden ek mei wapens, dy't ûnder de klean op de rêch ferburgen waarden.
Uteinlik is Willy arrestearre en opsletten yn Crackstate op It Hearrenfean. Krekt foar de Befrijing kaam sy wer op frije fuotten. Yn de tiid dat Van der Gaast fêst siet, naam har nicht Lena Koopmans (*1916) it wurk oer.
Neffens De Haan wiene it 'postrinners fan it ferset.' Dêrom fynt hy dat sy it fertsjinne hawwe om in strjitnamme te krijen.
Op dizze webside is mear te lêzen oer it ferset yn Lemsterlân en it wurk fan de koeriersters.