Spesjale kuierrûte yn Wâldsein mei ferhalen út de Twadde Wrâldoarloch

04 maaie 2021 - 12:50

In soad 4-5 maaiekomitees moasten ek dit jier wer op syk nei in alternatyf foar in betinking fanwegen corona. Yn Wâldsein hat de stichting Historische Kring Woudsend dêrom in kuierrûte makke by 16 lokaasjes yn it doarp del. Al dy lokaasjes hawwe wat mei de Twadde Wrâldoarloch te krijen. Yn in spesjaal tydskrift binne de ferhalen te lêzen, en dêr binne ek foto's en in plattegrûn te finen.

"Minsken moatte frijheid koesterje, fandêr dit boekje"

Mei tank oan finansjele stipe fan it doarpsbelang hat elk adres yn Wâldsein in tydskrift krigen. Ek alle learlingen fan de boppebou fan de skoalle krigen in eksimplaar. Inisjatyfnimmer Broer de Wolff, lid fan de histoaryske klup yn it doarp, is bliid mei it boekje: "It giet derom dat wy de ferhalen trochfertelle. Frede en frijheid moatte we koesterje, fine wy. Wannear't wy dat ferjitte, soe dat net bêst wêze."

Fersetsman Jan Bonga

Hokker ferhalen út de oarloch je brûke, dat is in persoanlike kar. "Ik ha keazen foar de ferhalen dy't ik nijsgjirrich fyn. En fanút de Historische Kring binne der wat oanfollingen op kaam. Sa is it ferhaal fan Jan Bonga te lêzen, de húsdokter út it doarp, dy't yn it ferset siet. Syn bynamme yn dy tiid wie Pil," laket De Wolff "dus oft dat no sa'n goeie bynamme wie..."

Dokter Bonga waard oppakt en martele troch de Dútsers, mar hat nea wat ferteld oer syn fersetswurk of wat hy allegearre wist. Ien dei foar't hy eksekutearre wurde soe, is hy befrijd út de finzenis fan Snits. Hy oerlibbe de oarloch en yn Wâldsein hast hjoed-de-dei de Dokter Bongastrjitte.

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Ek it ferhaal fan de Britske bommewerper dy't yn desimber fan 1942 delstoarte by it doarp is ûnderdiel fan de rûte. It is sels it begjinpunt. Fierder ferskate gefallen fan ûnderdûkers, yllegale slacht en fansels it feest yn maaie fan 1945.

Dochs binne der neffens De Wolff ek ferhalen dy't de kuierrûte net helle ha. "It is noch altyd lestich om nammen te neamen fan minsken dy't sis mar fout west ha yn de oarloch. Der binne hjir yn 1945 wol froulju keal skeard, en der binne ek in pear minsken nei de oarloch it doarp útjage. Mar dy ferhalen ha we sitte litten, dat leit noch wol in bytsje gefoelich by guon minsken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)