In wiete maaiefakânsje: "Geen vakantie áán het water, maar ín het water"

04 maaie 2021 - 12:42

Foar toeristen yn Fryslân sit de maaiefakânsje net mei: it binne dagen mei hurde wyn, buien en kjeld. Dochs is it noch aardich drok op fakânsjepark Bergumermeer. "Het valt me heel erg mee," seit eigener Fokko Eybergen. "Mensen vieren graag vakantie aan het water, nu staan ze zelfs in het water," laket er. "Maar we kunnen wat hebben, we komen uit een hele droge periode."

Gasten op camping Bergumermeer by Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Gasten binne der dus wol op de camping oan de westkant fan de mar, mar in soad foarsjenningen binne ticht. "Alleen het restaurant is tussen twaalf en zes open. Het zwembad en de apenkooi zijn dicht, maar toch komen de mensen. Hemelvaart en het pinksterweekend komen er aan. Mensen willen toch even weg."

Minder kampearje

Neffens Eybergen is it grutste ferlet oan ferhierakkommodaasjes. "Het aantal kampeerders neemt een klein beetje af. We zien door corona wel een stijging qua kamperen, maar dat is meer omdat mensen in Nederland blijven."

Ferslachjouwer Willem de Vries op de camping oan de Burgumer Mar

Yn it sintrum fan Snits is it ek stil op strjitte. De terrassen binne leech. Dochs rinne der noch wol wat toeristen om, lykas in groepke froulju út Twente. "Het is wel een beetje winderig," seit ien fan harren. "Wij fietsen de Friese Elfstedentocht. We zijn begonnen in Workum. Maar er was heel slecht weer voorspeld. Wij gaan nog naar Sloten en Hindeloopen, maar we willen ook een rondje over de Afsluitdijk rijden. Daar zijn we nog nooit geweest."

Houtkachel oan

Sy binne net de iennige toeristen út Oerisel, want der is ek in húshâlding út Deventer yn de stêd. "Wij zijn hier met de zeilboot op vakantie," fertelt de mem. "Het is vandaag beroerd weer, dus we blijven in stad liggen. We kijken morgen weer verder. We hebben een houtkacheltje in de boot, dan is het wel aangenaam."

Itensiede kin oan board, follet heit oan. "Dus het is goed te doen. We hopen dat het nog een beetje opklaart en dat we richting Schiermonnikoog kunnen. Dat was het oorspronkelijke doel. Maar de wind houdt ons wat tegen."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn it sintrum fan Snits

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)