Ljouwert op plak 6 by NK Tegelwippen en Hearrenfean nimt it op tsjin Smellingerlân

04 maaie 2021 - 12:40

Op it Nederlânsk kampioenskip Tegelwippen stiet Ljouwert op plak seis en Hearrenfean en Smellingerlân stean yn de top 15. Yn sa'n 80 gemeenten lûke ynwenners tegels en stiennen derút om plak te meitsjen foar mear natuer yn geveltúntsjes, beamspegels en fertikaal grien.

Foto: Omrop Fryslân

It tal tegels of kante meters wurdt byhâlden. In hiel soad tunen en iepenbiere romten wurde tsjinwurdich bestrjitte, want dat nimt minder ûnderhâld. Mar dat kin foar wetteroerlêst soargje nei flinke buien of foar hjittestress. By it NK Tegelwippen meitsje gemeenten in twastriid fan de oanlis fan grien.

Goed foar it klimaat

Sa is der in derby tusken Ljouwert en Grins en Hearrenfean is de kompetysje oangien mei Smellingerlân. Hearrenfean makket promoasjefilms en beleannet de minsken mei in fergoeding. Mar neffens wethâlder Hedwich Rinkes is klimaatbestindichheid belangriker as winne. Der binne subsydzjemooglikheden. "Ast in plat dak hast en dêr wolst beplanting op hawwe, kinst subsydzje krije, mar ek foar in reintonne." Har eigen tún hat se ek griener makke troch in beam te plantsjen.

Ljouwert docht it goed en stiet nei in moanne sechsde yn it klassemint mei mear as 6.000 tegels. Yn de stêd komt hieltyd minder bestrjitting. "Hoe moai soe it wêze as it wêze as de hiele stêd in park is", seit Bonny Veenstra, fan it grienprojekt Operatie Steenbreek Ljouwert. En al besteande grienprojekten slute no oan by it NK.

Beamspegel yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Hedwich Rinkes en oaren oer it projekt

"Heel Holland wipt"

Net elk hat in eigen tún dêrom kinne minsken ek in geveltún oanlizze. "Mensen kunnen dat aanvragen, wij komen ze aanleggen en de mensen kunnen het zelf beplanten," seit Niek van de Ven, fan it Ljouwerter projektmanagement NK Tegelwippen. "Organiseer met z'n allen gezellig zo'n dag en vergroen je dorp of je wijk. Heel Holland wipt."

Ljouwert en Grins wolle mei-inoar 18.000 tegels ferfange troch grien. Se ha noch oant 30 septimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)