79 coronapasjinten yn Fryske sikehuzen, 29 op de intensive care

Der lizze op it stuit 79 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen. Dêrfan lizze der 29 op in intensive care-bêd. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland (AZNN). Der lizze 50 coronapasjinten op in net-IC-bêd.
It Acute Zorgnetwerk Noord Nederland updatet de sikehûssifers twa kear yn 'e wike. Ofrûne freed wiene it noch 81 pasjinten yn de Fryske sikehuzen, wêrfan 27 op de IC.
Yn Grinslân lizze der tiisdei 77 coronapasjinten yn it sikehûs, wêrfan 30 op in IC-bêd. Yn Drinte binne dat der 33, wêrfan 11 op in IC-bêd.